Harmke Siegersma, Margriet Bakker en Tineke Dijkstra hâlde op mei keatsen

15 aug 2021 - 10:03

Harmke Siegersma, Margriet Bakker en Tineke Dijkstra hâlde, om ferskillende redenen, oan de ein fan dit seizoen op mei keatsen. Louise Krol wurdt de nije foarynse by it partoer fan Ilse Tuinenga en Sjanet Wijnia, dat sneon de haadklassewedstriid yn Burchwert wûn.

"It is wol goed sa, der binne mear dingen as keatsen yn it libben", seit Harmke Siegersma. Se wûn de Jong Fammepartij, sân kear it NK en wie twadde op de Frouljus PC. Se wûn ek ferskate ynternasjonale toernoaien Wallball.

Margriet Bakker (29) nimt fanwegen blessueres ôfskied. "It is benammen toch myn knibbel dat ik besluten ha om op te hâlden en de nocht is der ek in bytsje ôf." Jierren lyn waard se operearre, mar se hat net it folle fertrouwen yn it gewricht en se hat ek noch lêst fan de ljisk.

Tineke Dijkstra wurdt mem en hâldt dêrom op mei keatsen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)