Befrijing fan Nederlânsk Ynje betocht op It Hearrenfean

15 aug 2021 - 08:42

Op It Hearrenfean is dizze sneintejûn de jierlikse betinking fan de befrijing fan Nederlânsk Ynje. It is eksakt 76 jier lyn dat Japan kapitulearre, dêrmei kaam ek yn Azië in ein oan de Twadde Wrâldoarloch.

Betinking yn 2020 - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

De betinking is by it 'Indiëmonument' oan de Van Kleffensleane. Der binne taspraken, der is in minút stilte en der wurde blommen lein.

Lanlik wurdt de befrijing ek betocht. By it Indisch Monument yn Den Haag sille demisjonêr minister-presidint Mark Rutte en de ambassadeur fan Yndonezië krânsen lizze. Fanwegen corona mei der gjin publyk by wêze.

Yn Nederlân wenje sa'n twa miljoen minsken mei in Yndysk oarlochsferline yn de famylje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)