Gerald Sibon wurdt assistint fan Gertjan Verbeek by Almere City

14 aug 2021 - 20:19

Gerald Sibon fan It Hearrenfean wurdt de nije assistint fan Gertjan Verbeek by Almere City. Dat hat de klup sneon bekend makke. De âld-fuotballer fan ûnder mear SC Hearrenfean wurke yn 2019 en 2020 ek al gear mei Verbeek by it Australyske Adelaide United.

Foto: Orange Pictures

"De ambitie van deze club spreekt mij enorm aan. De club wil stapsgewijs hogerop en dat zie je onder andere in de faciliteiten en de professionaliteit binnen de verschillende afdelingen. Er is voor mij een mooie rol weggelegd als assistent en de nadruk zal daarbij liggen op de aanval", seit Sibon.

Sibon wie earder ek assistint-trainer by SC Hearrenfean en haadtrainer fan VV Hearrenfean. As fuotballer kaam hy út foar ûnder mear Ajax, PSV en FC Twente.

Almere City spilet yn de earste difyzje en stiet dêr nei twa wedstriden mei ien punt op it trettjinde plak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)