Partoer Ilse Tuinenga hâldt Sijbrandij-en-dy út finale en wint yn Burchwert

It partoer fan Ilse Tuinenga, Margriet Bakker en Sjanet Wijnia hat sneon de haadklassewedstriid yn Burchwert wûn. Yn de finale fan de frijeformaasjepartij waard it partoer fan Sietske Okkema, Jeska Terpstra en Martzen Deinum mei 5-2 6-0 ferslein.
Ilse Tuinenga by de PC fan 2019 © Henk Bootsma
It partoer fan Nienke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra sette yn Burchwert de 'minste' prestaasje fan it seizoen del. Nei seis oerwinningen en ien twadde plak út sân wedstriden, waarden se no tredde.
Yn de heale finale ferlearen Sijbrandij-en-dy mei 5-3 6-0 fan it úteinlik winnende partoer fan Tuinenga.

Finale

Yn de finale tusken de partoeren fan Tuinenga en Okkema gie it oant 2-2 gelyk op. It kearpunt lei op 2-2 6-6, doe't Terpstra har bal krekt by de ferkearde kant fan de peal del gie.
Dêrnei krigen Tuinenga-en-dy noch mar seis punten tsjin en waard it úteinlik in iensidige finale: 5-2 6-0.
Snein keatse de haadklassefroulju in frijeformaasjewedstriid yn Froubuorren.