Lange rige by Ljouwerter teststrjitte foar earste wedstriid Cambuur

Der stiet al de hiele sneontemiddei in lange rige by de teststrjitte fan 'Testen voor Toegang' yn Crystallc yn Ljouwert. It giet foar it grutste part om seizoenkaarthâlders fan Cambuur, dy't snein nei de earste kompetysjewedstriid tsjin FC Groningen wolle.
© AS Media
De besikers fan de earedifyzjewedstriid moatte dêrfoar in QR-koade hawwe yn de CoronaCheck-app. Dy is te ferkrijen mei in faksinaasjebewiis, in herstelbewiis of in negative test. Dy test mei net âlder as 24 oeren wêze.
De wedstriid tusken SC Cambuur en FC Groningen begjint sneintemiddei om 12.15 oere.