Hollân wint twakamp fierljeppen: 'histoarysk djiptepunt foar Fryslân'
Hollân hat sneontemiddei de 55e Twakamp fierljeppen fan Fryslân wûn. De Hollanners sprongen yn it Súd-Hollânske Vlist yn totaal 398.90 meter. Dat wie 11.55 meter fierder as de Friezen.
Fan de lêste njoggen twakampen wûn Hollân no seis kear. Yn totaal komme se dêrmei op sechtjin oerwinningen.
Hollân sprong yn alle klassen fierder as Fryslân. De Fryske junioaren diene it relatyf it bêst. Sy sprongen 'mar' 22 sintimeter minder fier as de Hollanners.
Dat Fryslân yn gjin ien klasse de bêste wie neamde analist Hendrik Murk Haanstra in 'histoarysk djiptepunt' foar it Fryske fierljeppen.
Fierste sprongen
Thomas van Midden sette mei 20.78 meter de fierste sprong fan de dei del. Demi Groothedde sprong by de froulju mei 15.14 meter it fierst.
Sytse Bokma wie de bêste Fries en sprong 20.54 meter. Dat is mar 22 sintimeter ûnder syn persoanlik rekôr.
De bêste 24 Fryske ljeppers sprongen yn Vlist tsjin de 24 bêste Hollanners.
Per team diene acht senioaren, fjouwer froulju, fjouwer junioaren, fjouwer famkes en fjouwer jonges mei.
Alle dielnimmers sprongen fjouwer kear. De fierste sprong telt yn it twakampklassemint, en de optelsom fan al dy sprongen smyt de einstân op.
De hiele ljepperij is hjirûnder werom te sjen: