Nyck de Vries nei lekke bân en nul punten noch gjin Formule E-kampioen

Nyck de Vries is der sneon noch net yn slagge it Formule E-klassemint te winnen. De autoracer fan Snits krige yn Berlyn in lekke bân en einige dêrtroch as 22e. De Vries giet mei noch ien race te gean noch wol hieltyd oan de lieding.
© Orange Pictures
De Vries hie earder op de dei in minne kwalifikaasje en moast dêrtroch as njoggentjinde oan de race begjinne. De rider fan Mercedes klom al gau op nei it trettjinde plak, mar troch in lekke bân einige er úteinlik as twa-nei-lêste.
Dêrmei pakte hy gjin punten, mar De Vries bliuwt wol lieder yn it klassemint. De nûmer twa fan foar de race, Robin Frijns, pakte ek gjin punten en de nûmer trije Sam Bird foel út.

Kampioenskip

Op snein is de lêste race fan it seizoen. De folsleine top tsien hat noch kâns op de titel. Mei 95 punten hat De Vries wol de bêste útgongsposysje.

Formule E-klassemint nei 14 fan de 15 races

Punten
1. Nyck de Vries (Nederlân) 95
2. Edoarda Mortara (Switsterlân) 92
3. Jake Dennis (Grut-Brittannië) 91
4. Mitch Evans (Nij-Seelân) 90
5. Robin Frijns (Nederlân) 89
6. Lucas di Grassi (Brazilië) 87
7. Antonio da Costa (Portugal) 86
8. Sam Bird (Grut-Brittannië) 81
9. Jean-Éric Vergne (Frankryk) 80
10. Alexander Lynn (Grut-Brittannië) 78