Feestlike betinking fan skriuwer Gerard Reve yn Greonterp en Blauhús
Foar de 16e kear wurdt snein yn Blauhús en yn Greonterp op feestlike, en plechtige, wize stilstien by it libben en wurk fan Gerard Reve (1923-2006). De Nederlânske skriuwer wenne en wurke tusken 1964 en 1971 yn Greonterp. Hy wenne dêr mei Willem Bruno van Albada en Henk van Manen, beter bekend út de boeken as Teigetje en Woelrat.
It ôfrûne jier kamen der nettsjinsteande alle coronabeheiningen 85 minsken nei Greonterp. Ek dit jier ha al in soad Reve-fans har oanmeld. "Der komme sels 'Revianen' út België, mar ek út Brabân, Amsterdam en út Fryslân", seit organisator Hester Witteveen. Dat der noch altyd besikers komme, is neffens har in teken dat Reve libbet by syn oanhingers. "Revianen sitearje it wurk, se herkenne de irony deryn en it binne lêzers dy't alle krystdagen wer 'De Avonden' lêze dat om dy tiid hinne spilet."
Hester Witteveen is de dochter fan de kroechbaas fan Blauhús dêr't Reve jonge jenever dronk. Hy kaam in soad yn it kafee. Der is in anekdoate dat er in ôfspraak mei de kastlein hie dat hy foar elke jenever dy't hy kocht ien fan it hûs derby krige. Dat koste him in soad sinten. Dêr stie tsjinoer dat Reve alle jierren foar tûzenen gûnen oan jenever by de kastlein kocht om thús op te drinken.
Programma
Om 15.00 oere begjint it programma yn Blauhús en der is ek in part yn Greonterp. Ald-kommissaris Hans Wiegel is ien fan de gasten. Hy sil fertelle oer syn oantinkens oan Reve. Der wurdt foarlêzen út wurk fan Reve en nei de Hillige Mis yn de Sint-Vitustsjerke is der in neisit yn it kafee yn Blauhús.
Aparte man
Reve hie in soarte fan haat-leafdeferhâlding mei Greonterp en syn ynwenners. Hy fielde him der thús en hie in goed kontakt mei de bewenners. Sy fûnen de skriuwer wol wat in aparte man dy't no en dan tefolle dronk.
Ferline jier makken we dizze reportaazje oer de betinking: