Milan van Ewijk glunderet: debút, trije punten én mei publyk derby

13 aug 2021 - 23:42

De winst is moai, mar hast minstens sa moai fûn Milan van Ewijk it om wer ris foar in 'fol' stadion te spyljen. De nije rjochtsback fan Hearrenfean glundere nei de winst op Go Ahead Eagles (0-1). "Het was direct een soort heksenketel, daar doen we het eigenlijk voor."

Debutearje mei winst en foar in fol stadion, foar Van Ewijk kin it net moaier:

Maklik gong it net yn Deventer, moast Van Ewijk tajaan. "De tweede helft was helemaal chaos, maar ik ben blij met de drie punten."

Mar dat wie net it iennige dêr't Van Ewijk bliid mei wie: "Het is mooi dat ik mijn officiële debuut bij Heerenveen heb kunnen maken. En dan ook nog met de fans erbij, dat geeft een heel andere sfeer. Ik ben blij dat ik weer voor een vol stadion heb kunnen spelen."

Bij die bal op de lat, daar had ik misschien wat korter op moeten zitten.

Milan van Ewijk bliuwt kritysk op himsels

Nettsjinsteande it feit dat Hearrenfean de nul hâlde koe, wie Van Ewijk dochs kritysk op syn eigen spul. "Bij die bal op de lat, daar had ik misschien wat korter op moeten zitten. Maar voor de rest ben ik superblij."

Komplimint foar de striid

Oanfierder Erwin Mulder is bliid dat syn ploech de oerwinning oer de streek lûke koe: "Op een gegeven moment spelen zij met vijf man voorop, dan weet je dat het vechten wordt. Daarvoor moet ik mijn team wel een compliment geven, dat we met zijn allen zoveel strijd geleverd hebben."

Keeper Erwin Mulder is bliid dat er de nul fêsthâlde koe:

Hearrenfean krige gjin tsjingoals om de earen en dat wie foar keeper Mulder ekstra moai: "De nul is heilig. Natuurlijk hoop je dat je in de tweede helft wat meer kansen kunt creëren, maar ik ben blij dat we de nul vast hebben kunnen houden."

Mulder wie ek wiis mei de stipe fan it publyk. Neffens him hat dy stipe der mei foar soarge dat Hearrenfean de foarsprong fêsthâlde koe. De oerwinning smakke Mulder poerbêst: "Winnen is een heel fijn gevoel en ik ben blij dat we dat vandaag ook weer gedaan hebben."

Langer de rêst bewarje

De earste helte, dat is hoe't Johnny Jansen wol dat syn ploech fuotballet: "Van achteruit, met goed positiespel. En de dreiging moet met name komen over de zijkanten. Daar zijn we denk ik wel aardig in geslaagd. We hadden alleen wat langer de rust moeten bewaren om ze helemaal kapot te spelen."

"We hebben geknokt en gestreden, een grote pluim voor de jongens"

De twadde helte wie in oar ferhaal. Doe stienen de Friezen lang ûnder druk: "Als je van achteruit niet meer rustig kunt opbouwen, dan moet je over de druk heen spelen. Je moet voorin aan het voetballen zien te komen. Voorin waren we 'm te snel kwijt, dan blijf je onder druk staan."

De tsjinoanfal is gewoanwei in wapen fan Hearrenfean. Alteast, dat moat it wêze. "Maar daar kwam te weinig van terecht", fynt Jansen. "Maar we hebben geknokt en gestreden, een grote pluim voor de jongens."

(Advertinsje)
(Advertinsje)