Halilovic besoarget Hearrenfean trije punten by seizoensiepening

13 aug 2021 - 21:50

SC Hearrenfean hat de earste wedstriid fan it nije seizoen mei in benaude oerwinning op Go Ahead Eagles ôfsletten. Middenfjilder Tibor Halilovic makke de iennige goal fan de wedstriid. Nei it skoft stienen de Friezen lang ûnder druk, mar Hearrenfean hold stân.

Tibor Halilovic nei de 0-1 - Foto: ANP

Hearrenfean hie in fantastyske start fan de wedstriid. Tibor Halilovic helle út krekt bûten it strafskopgebiet. Syn skot waard kreake troch Eagles-ferdigener Boyd Lucassen, wêrtroch't de bal oer keeper Warner Hahn yn de goal fleach: 0-1.

Hahn kin it skot fan Halilovic net keare: 0-1 - Foto: Orange Pictures

Dêrnei wienen der kânsen foar Hearrenfean om de skoare út te wreidzjen. Sa ferdwûn in skot fan Henk Veerman krekt oer de goal en krige Arjen van der Heide de bal yn trije ynstânsjes net lâns âld-Hearrenfeandoelman Hahn. De Friezen joegen foar it skoft sawat neat fuort en sadwaande sochten de teams de klaaikeamers op mei in 0-1 tuskenstân op it skoareboerd.

Hearrenfean ûnder swiere druk

Al fluch nei it skoft liet Tibor Halilovic dé kâns op de 0-2 lizze. Fan tichtby slagge it him net om Hahn te passearjen. Yn de faze dêrnei kaam Hearrenfean mear en mear ûnder druk te stean. De Eagles wienen yn de 68ste minút ek tichtby in doelpunt, mar Giannis-Foivos Botos skeat yn kânsrike posysje njonken.

De Friezen kamen net mear yn it spul foar en hienen gelok doe't Marc Cardona mei in daverjende knal de peal rekke. Sa bleau Hearrenfean mei alle muoite fan de wrâld oerein en meie se harren de earste koprinner fan it earedifyzjeseizoen 2021/22 neame.

Oer acht dagen spilet Hearrenfean de earste thúswedstriid fan it seizoen. Dan komt RKC Waalwijk nei it Abe Lenstra stadion.

Go Ahead Eagles - SC Hearrenfean 0-1 (0-1) 7. Tibor Halilovic 0-1

Opstelling SC Hearrenfean: Mulder; Van Ewijk, Van Beek, Dresevic, Kaib; J. Veerman, Kongolo, Halilovic (73' De Jong); Van Bergen, H. Veerman (88' Hajal) en Van der Heide (67' Stevanovic).

(Advertinsje)
(Advertinsje)