Iepening ûnderwiis komt gjin dei te betiid: "Afgelopen 1,5 jaar was lastig"

13 aug 2021 - 21:15

Skoallen krigen online in soad foar elkoar, mar it komt net yn de buert fan it echte, fysike ûnderwiis. Dêrom is it in goede saak dat ynstellingen yn it mbû en heger ûnderwiis aanst wer iepen kinne. Dat seit Jan Dijksma fan it Friesland College.

Lege gongen yn it Friesland College ferline jier - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

"Vorig jaar hebben we op een bepaald moment een omslag gemaakt naar online onderwijs", seit Dijksma. "Dan blijkt dat je meer voor elkaar krijgt dan je vooraf denkt. Maar het kan niet het echte werk vervangen."

Dat fernimme se yn it mbû hiel bot. "Je mist rechtstreeks contact, elkaar in de ogen kijken, elkaar dingen laten zien. Dat is online heel anders dan wanneer je bij elkaar op de vingers kunt kijken. Het wordt nu allemaal veel gemakkelijker."

Onderwijs heeft ook te maken met motiveren, met samenwerken, samen optrekken.

Digitaal kin in soad, mar net alles, seit Jan Dijksma fan it Friesland College

En net allinnich de oerdracht fan kennis is yn it echt makliker as digitaal. Dijksma: "Onderwijs heeft ook te maken met motiveren, met samenwerken, samen optrekken. Dat geldt niet alleen voor docent met student, maar ook voor studenten onderling."

De regel dat minsken 1,5 meter ôfstân fan elkoar hâlde moatte, ferfalt stap foar stap. Studinten op universiteiten, mbû's en hegeskoallen hoege har der fan 30 augustus ôf net mear oan te hâlden.

By lessen en kolleezjes meie op syn meast 75 minsken tagelyk oanwêzich wêze. Bûten de sealen moatte minsken mûlkapkes op dwaan. It kabinet advisearret studinten en meiwurkers om selstesten te brûken.

Sa't se yn it mbû fysyk ûnderwiis mist ha, datselde jildt by hegeskoalle NHL Stenden. "Het afgelopen anderhalf jaar was lastig voor onze studenten", seit bestjoersfoarsitter Erica Schaper. "Studenten vonden het ingewikkeld, werden onzeker, depressiever, hadden moeite om zich te motiveren. Je studententijd moet een heel leuke tijd zijn waar je je hele leven op terugkijkt met allerlei leuke dingen. Als de sjeu daarvan af is, is het heel lastig."

Hegeskoalle NHL Stenden yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

De ferrommingen dy't it demisjonêre kabinet freed oankundige, komme dêrom ek gjin dei te betiid. "Dit is heel goed nieuws. We kunnen nu het leeuwendeel van ons onderwijs weer fysiek doen. En studenten kunnen elkaar weer op de campus ontmoeten en contact hebben met de docenten."

75 minsken is gjin probleem

Dat groepen yn de lokalen net grutter wêze meie as 75 minsken, betsjut dat guon harkkolleezjes noch wol digitaal moatte. "Maar daar zullen de studenten wel mee kunnen leven", ferwachtet Schaper. "Vooral het werken in groepen is heel belangrijk, en het contact met elkaar in de gebouwen. Dus we zijn hier al heel tevreden mee."

Foar de mbû's is dy beheining fan 75 minsken ek gjin probleem, seit Dijksma. "In het mbo kom je niet zo snel aan 75 mensen in een ruimte. Dus dit is allemaal heel goed te hanteren."

Studinten begeliede

NHL Stenden hat nei in kampanje mear as 100 nije dosinten oanlutsen. Dy kinne se goed brûke, ûnder oare om de studinten te helpen mei begelieding. "Alle zaken die met kennis te maken hebben, zijn wel redelijk goed doorgegaan: de meeste studenten hebben hun punten wel gehaald. Maar de begeleiding hebben ze wel heel erg gemist, daar proberen we een grote inhaalslag te maken."

Schaper kin earst net wachtsje oant alles wer losgiet. "Dit scenario was precies wat we uitgewerkt hadden: volledig open met een maximum van 75 in de lokalen. We kunnen prima van start en met heel veel plezier zien we alle studenten tegemoet."

(Advertinsje)
(Advertinsje)