Earste edysje Jouster festival skrast fanwege nijste coronaregels

Nei de parsekonferinsje fan freedtejûn siet der foar it Jouster festival Heremapark Live neat oars op: it giet net troch. Dat seit bestjoerslid Siep van der Valk. Festivals mei mear as 750 minsken bliuwe oant 20 septimber ferbean.
It park Herema State bliuwt leech op 28 augustus © Omrop Fryslân
It soe de earste edysje wurde fan Heremapark Live, der wienen mear as 2.000 kaarten ferkocht. Dat kin dus net. Al gau wurdt dan sjoen nei oare eveneminten, dêr't wol tûzenen minsken by binne: Formule 1 en fuotbalwedstriden.
It ferskil is dat by dy lêste eveneminten de besikers in fêst plakje ha en by festivals net. "Mar sa grut is dat ferskil ek wer net", neffens Van der Valk. "As je sjogge hoe't it yn de stadions giet en aanst ek by de Formule 1."
De Vereniging Nederlandse Poppodia en -Festivals (VNPF) begjint it idee te krijen dat "het probleem van niet-gevaccineerden nu ons probleem wordt." Neffens Schans binne organisatoaren, publyk, selsstannigen en benammen artysten de dupe fan de lêste maatregels.
Tagelyk wol Van der Valk net te bot wize. "Ik wit dat it somtiden dreech is. Elkenien hat it ôfrûne jier in protte foar de kiezzen hân. Wy ha der ek in protte wurk yn stutsen, in moai programma regele, in bulte kaarten ferkocht. Dêrom binne we no hiel teloarsteld." Under oaren Miss Montreal en Jett Rebel soene nei De Jouwer komme.
"It is net allinnich spitich foar ús, mar ek foar de tûzenen minsken dy't in kaartsje kocht hienen. We sitte allegear wol wat te wachtsjen op in leuk feestje of festival."
Heremapark Live wurdt no ferskood nei juny takom jier. Dy ôfspraak wie der ek al mei de artysten.