Roaien fan ierpels by Mitselwier wer úteinset nei bakken reinwetter

Ierpelkweker HZPC by Mitselwier is sûnt freed wer dwaande mei it roaien fan ierpels op de proeffjilden. Fanwege al it reinwetter fan ferline wike wie dat in pear dagen net mooglik. "We waren goed begonnen vorige week, maar toen kwamen wel heel dikke buien over", seit Peter Vos fan HZPC.
De ierpels geane in ôffalrace yn:
It lân wie nei ôfrûne wykein te wiet om goed op wurkje te kinnen. It wetter is yntusken wer aardich fuortsakke en dêrom koe it wurk freed wer begjinne. De rein hat neffens Vos fierder net in soad ynfloed op de kwaliteit fan de ierpels. "Daar maken we ons zeker nog geen zorgen over."
© Omrop Fryslân, Mats Gies
De 'proefierpels' moatte op termyn foar konsumpsje beskikber komme. "Uiteindelijk is het een soort afvalrace. We beginnen hier met ongeveer 150.000 verschillende aardappels. Uiteindelijk blijven de beste aardappels over, die vervolgens over de hele wereld worden geëxporteerd."
De kommende dagen wurdt op de ierpelfjilden by Mitselwier noch drok wurke. "We komen de tijd wel door, met rooien!"