Henk de Jong: "We krije it hiel lestich yn de earedifyzje"

15 aug 2021 - 07:00

SC Cambuur begjint it aventoer yn de earedifyzje snein mei in thúswedstriid tsjin FC Groningen. De Ljouwerters hawwe in matige tarieding op it nije seizoen hân. In oantal oefenwedstriden koe net trochgean en de Ljouwerters hienen ek yn de eigen seleksje mei it coronafirus te krijen.

Foto: Orange Pictures

Dy seleksje is no wer sa goed as folslein, al kinne de spilers dy't corona hân hawwe noch net in folsleine wedstriid spylje. Boppedat is it Cambuur noch net slagge om de seleksje mei in tal nije spilers op peil te krijen. De klup is drok dwaande, mar hellet net samar spilers oan.

"Der komme noch nije spilers by"

Trainer Henk de Jong: "Wy helje net om it heljen. Dan is ús jild op. Wy hiene kontakt mei trije jonge spilers út de Ingelske kompetysje. Spylje dy jonges ynienen yn de basis by harren eigen klup. Tsja, dan komme se dus net nei Ljouwert. Mar it komt goed: der komme noch nije spilers by."

Ien fan dy spilers soe Jarchinio Antonia wêze kinne. Hy krige gjin kontraktferlinging, mar is no wol mei Cambuur yn petear oer in nij kontrakt.

Henk de Jong: "We krije it hiel lestich"

Henk de Jong ferwachtet drege earste wiken foar Cambuur. "Ja, we krije it hiel lestich. De tarieding wie net ideaal, mar ik kin weromfalle op de basis fan ferline jier. As wy ús dit seizoen hanthavenje yn de earedifyzje, dan dogge we it geweldich."

"Grins sil ús op de flikker sitte"

Yn de earste tsjinstanner, FC Groningen, sjocht De Jong in hiele goeie ploech. "Ik haw se besjoen en ik tink dat sy yn de top seis spylje kinne. Ik haw ús spilers op de hûd sitten en harren sein dat Grins ús op de flikker sitte sil. Dêr warskôgje ik al oardel wike foar. Ik bin benijd hoe't wy spylje sille tsjin goeie tsjinstanners. It is hiel nijsgjirrich."

Cambuur spilet mei eksakt deselde spilers as ferline jier, útsein de spits. Dat is net mear Robert Mühren, mar Sam Hendriks.

Erik Schouten tinkt dat Cambuur in goeie kâns hat tsjin Grins:

Oanfierder Erik Schouten begjint te laitsjen as him frege wurdt oft hy útsjocht nei de kompetysje. "Wat dacht je zelf", seit er. Schouten sjocht út nei it spyljen yn de earedifyzje, al realisearret er him dat it in stik dreger wurdt as ôfrûne seizoen. "Toen waren we meestal de bovenliggende partij. Dat zal nu anders zijn."

Schouten sjocht mei mingde gefoelens werom op de rommelige tarieding. "Dat was niet ideaal en dan sluipt er toch corona in de selectie. Heel vervelend. Maar inderdaad, er staat dezelfde ploeg als vorig seizoen, alleen een andere spits. Dus we weten wat we aan elkaar hebben. Er zitten veel vastigheden in, al kunnen dingen altijd nog beter."

De wedstriid SC Cambuur - FC Groningen begjint snein om 12.15 oere en is live te folgjen by Omrop Fryslân op de radio. It kommentaar is yn hannen fan Geert van Tuinen.

Trefwurden: 
Ljouwert SC Cambuur fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)