RIVM: 99 nije besmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 99 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Dat binne sân mear as tongersdei. Doe gie it om 92 besmettingen.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 79 besmettingen meld yn Fryslân. Tongersdei lei dat trochsneed op 76, in wike lyn op 82.
De measte nije besmettingen binne registrearre yn de gemeente De Fryske Marren (22). Dêrnei komme Súdwest-Fryslân (15), Ljouwert (11) en Tytsjerksteradiel (10).
Fjouwer gemeenten melde gjin nije besmettingen. It giet om de fjouwer eilângemeenten.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Gjin stjergefallen of sikehûsopnamen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der binne ek gjin Friezen mei it coronafirus yn it sikehûs opnaam.

15 sikehûspasjinten, 7 op intensive care

Op dit stuit lizze der fyftjin pasjinten mei it coronafirus yn de Fryske sikehuzen, dat hat it Acute Zorgnetwerk Noord-Nederland bekend makke. Dêrfan lizze sân pasjinten op de intensive care en acht op oare ôfdielingen.
It tal besette bêden yn de Fryske sikehuzen (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):
Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 2.718. Yn trochsneed binne der yn Nederlân de ôfrûne wike alle dagen 2.338 besmettingen by kaam.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.