Plysje: Noch net dúdlik wat der bard is mei hynder (41) yn Ried

It is noch net dúdlik hoe't yn Ried in hynder sa bot ferwûne rekke, dat it ôfmakke wurde moast. Dat meldt in wurdfierder fan de plysje.
It hynder © Klaas Scheffer
It hynder wie 41 jier âld. Dat is útsûnderlik. Neffens saakkundigen wurdt in hynder gemiddeld sa'n 25 jier âld. As se âlder binne as 15, kinne je se sjen as hynders 'fan âldere leeftiid', en boppe de 20 binne se 'bejaard'.

Tsjûgen

Earder frege de plysje al oan minsken dy't wat sjoen hiene, oft se har melde woene. No seit de plysje dat der mei in oantal tsjûgen praat is.
It hynder soe skrokken wêze trochdat der stiennen yn de stâl smiten wiene. Dêrby bruts er de skonk. In feedokter hat it bist doe ynsliepe litten.

Undersyk

Plysjeminsken ha ûndersyk dien yn de stâl. Dêrút is noch net dúdlik wurden wat der krekt plakfûn hat.
In wurdfierder fan de plysje seit dat minsken dy't wat sjoen ha, en dy't dat net meld ha, dat noch altyd dwaan kinne.