Dútsk kanon mei granaat opfiske út wetter by Pepergea

It foarwerp dat freedtemoarn by Pepergea opfiske is troch in magneetfiskers is in berchkanon út de Twadde Wrâldoarloch. Ut ûndersyk fan de Explosieven Opruimingsdienst die bliken dat der noch in granaat yn it kanon siet. Dy granaat is troch de EOD ta ûntploffing brocht.
De ûntploffing fan de granaat:
It kanon waard fûn troch Ivan Hofstee. Hy helle it kanon út De Lende, by de brêge fan de A32. Hofstee helle de plysje der by, dy't wer de EOD ynskeakele. Foar it ûndersyk waard de Domeinweg ôfsletten.
"Dit vind je niet iedere dag", seit de magneetfisker:
De granaat is yn Nijeholtpea ta ûntploffing brocht. De bern fan de magneetfisker mochten de ûntploffing aktivearje troch op de knop te drukken.
Der lei noch mear op de boaiem fan De Lende, mar it die bliken dat dit om in ferkearspeal gie.
De EOD by it kanon © Noordernieuws
Definsje besjocht oft it kanon nei in museum kin. It kanon leit no op de gemeentewerf. Definsje docht noch ûndersyk nei watfoar kanon it krekt is. Yn de loop fan it kanon siet noch in brisant pantsergranaat.
De fisker dy't it kanon freedtemoarn oan syn magneet krige, hat de kop fan de granaat krigen as oantinken.
De granaatkop © Eigen foto