De Ljouwerter freedsmerk: litte wy Afganistan yn 'e steek?

13 aug 2021 - 13:24

Yn Afganistan wurdt al 20 jier fochten tsjin de Taliban. Ek Nederlân die dêroan mei. Mar de terreurgroep liket de iene nei de oare stêd ûnder de foet te rinnen, no't it Westen him weromlûkt. Op de Ljouwerter freedsmerk wie de fraach: litte wy Afganistan yn 'e steek?

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

"Je kinne se de dêr net smoare litte", sei in besiker fan de merk. "De gewoane befolking kin der ek neat oan dwaan dat sy de Taliban dêr oer de flier krije."

Om 'e nocht?

In oare man fertelde dat syn dochter as militêr ferpleechkundige yn Afganistan west hat. "Rûn har libben dêr no om 'e nocht gefaar?", frege er him ôf. In oar wie noch skerper en stelde dat wy de minsken dêr, lykas earder yn Srebrenica, yn de steek litte. In keapman omskreau it sa: "Het is schaamteloos van alle betrokken regeringen om de bevolking daar maar aan hun lot over te laten."

Dreech konflikt

Berêsting wie der ek: "Het is religie meneer, daar is weinig aan te doen." In oar tocht dat it probleem breder lei: "Je moatte nei it hiele Midden-Easten sjen, ynklusyf Syrië. Dan komme je derefter dat it eins te dreech foar ús is om te begripen."

De measten wiene it der wol oer iens dat Afganen dy't ús dêr stipe hawwe en no gefaar rinne, gau nei Nederlân helle wurde moatte: "Dy moatte as de bliksem hjir hinne komme, foar't it te let is."

Ferslachjouwer René Koster op de Ljouwerter freedsmerk

Trefwurden: 
freedsmerk Afganistan
(Advertinsje)
(Advertinsje)