Amazône Rixt van der Horst mei hynder yn Dútske karantêne

13 aug 2021 - 12:25

Amazône Rixt van der Horst is yn de tarieding op de Paralympyske Spelen frijwillich yn karantêne gien.

Paradressuerrydster Rixt van der Horst fan Grou - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Foar hynders is in karantêne fan acht dagen ferplichte, foardat se nei Japan brocht wurde, en Van der Horst woe har hynder Findsley net allinne litte.

Dat is foar de training fan it hynder goed, seit se, mar foar harsels ek, "om alfêst yn de bubbel te sitten."

It binne de twadde Paralympyske Spelen foar Van der Horst. Yn Rio wûn se twa kear brûns, en ien kear sulver. Op de Spelen yn Tokio giet se foar goud.

Van der Horst sit no mei har hynder op in grut hippysk kompleks yn Aken. "It is eins in bytsje saai, want ik bin allinne mar by it hynder, of yn de hotelkeamer."

It hynder fernimt der net folle fan, seit Van der Horst. "Hy yt goed, en hat it wol nei it sin."

(Advertinsje)
(Advertinsje)