Alle wiken nimme sa'n 100 Friezen corona mei werom fan fakânsje

13 aug 2021 - 12:20

Alle wiken komme der noch hieltyd sa'n 100 Friezen werom fan fakânsje mei in coronabesmetting, seit GGD Fryslân. Ofrûne wike seine 95 Friezen tsjin de GGD dat sy it mooglik bûten Nederlân oprûn hawwe: fan har kaam de grutste groep út Frankryk, Grikelân en Kroäsië.

Coronabewizen mei op it fleanfjild - Foto: ANP

"It syteem mei QR-koaden foar de fakânsje is noch net hielendal wetterticht", seit Margreet de Graaf fan GGD Fryslân. Wach bliuwe is dêrom fan belang, fynt sy. "It bêste is dochs in test by de GGD dwaan, ek al hawwe je sels in test dien. Mar ik moat ek sizze dat de measte besmettingen noch hieltyd oprûn wurde yn thússituaasjes."

Giele boekjes

De fraach nei de saneamde 'giele boekjes' is tanaam. Dat komt om't it Digitaal Corona Certificaat (DCC) allinne yn Europa jildich is en om't it giele boekje it tichtst by in offisjeel reisdokumint yn 'e buert komt.

It giele boekje kin stimpele wurde nei in faksinaasje. De boekjes binne by net de GGD, mar wol by boekhannels en ANWB-winkels te krijen.

Plato

Yn hast alle leeftiidsgroepen gie it nije tal besmettingen omleech. Ofrûne wike gie it fan 588 nei 530 besmettingen. "Je sjogge dochs in soarte plato. De minsken dy't siik wurde, binne ek de minsken dy't noch net faksinearre binne. Wy hoopje dat it hjir by bliuwt en dat it nei ûnderen rint", ferklearret De Graaf.

Heger ûnderwiis

Nei alle gedachten makket it kabinet freedtejûn op de parsekonferinsje bekend dat de oardel meter loslitten wurdt yn it heger ûnderwiis. Dêr hat De Graaf wol noed oer. "It is it kiezen tusken twa kweaden. Oan de iene kant is de ferromming nedich foar it ûnderwiis en wurdt dy kar makke, mar dat betsjut wol dat der noch in grutte groep fan net-faksinearre jongeren rûn rint. We moatte as maatskippij net tinke dat as sy los kinne dat wy dat dan ek kinne. Oars giet it wer mis krekt as yn juny. We moatte noch even folhâlde."

Margreet de Graaf fan GGD Fryslân

GGD Fryslân hat hast 23.000 prikken set, in wike earder wiene dat der noch sa'n 20.500. Yntusken binne mear as 308.000 Friezen folslein faksinearre. Sa'n 75 oant 85 persint hat in earste prik hân. De GGD hat 3.468 testen ôfnaam yn de ôfrûne wike.

Allinne yn de gemeenten Ljouwert, Noardeast-Fryslân, Tytsjerksteradiel en Harns wiene mear besmettingen as in wike earder.

(Advertinsje)
(Advertinsje)