Foarútsjoch op de earedifyzje: "De tarieding seit hielendal neat"

Foar it earst sûnt seis jier spylje SC Hearrenfean en SC Cambuur beide wer op it heechste nivo. Andor Faber en Arjen de Boer folgje de beide Fryske klups op 'e foet en sjogge foarút op it kommende seizoen.
Issa Kallon en Joey Veerman © Omrop Fryslân
Wa fan beide ploegen hat de bêste tarieding hân?
Andor Faber: "Ik tink dat SC Hearrenfean de bêste tarieding hân hat. De Feansters ha de ploech hast hielendal yntakt hâlden en dêrneist gjin problemen hân mei corona. Dat wie by Cambuur wol oars, dêr't in fjirdepart fan de seleksje corona krige. Oefenwedstriden giene om dy reden net troch."
Sa'n rampseizoen as ferline jier wol gjinien noch in kear.
Arjen de Boer
Arjen de Boer: "De tarieding seit hielendal neat. Ferline seizoen ferlear Hearrenfean alles, mar nei fiif wedstriden stienen se twadde. De ploech is yn grutte linen itselde bleaun en dus hoecht Johnny Jansen net wer op nul te begjinnen. Oan 'e oare kant: as alles itselde bliuwt feroaret der ek net safolle. En sa'n rampseizoen as ferline jier wol gjinien noch in kear."
Wa hat it it bêste dien op de transfermerk?
Andor Faber: "Der is net ien fan de beide klups dy't hjir boppe-út stekt. Likegoed Hearrenfean as Cambuur hat in oantal nije spilers oanlutsen, mar echte toppers binne net nei Fryslân kaam."
Arjen de Boer: "Mei Milan van Ewijk hat Hearrenfean wol in prima ferfanger helle foar Sherel Floranus. Mei Sven van Beek hat Johnny Jansen de karakterjonge dy't hy der sa graach by ha woe. Filip Stevanovic is in grutte ûnbekende, mar hat de potinsje om út te groeien ta publyksleaveling."
Andor Faber: "As ik dan kieze moat, fyn ik dat Hearrenfean it it bêste dien hat. Dat hat nammentlik de seleksje aardich op oarder en by Cambuur moatte der noch minimaal trije spilers by."
Arjen de Boer: "Probleem by Hearrenfean is de spitsposysje. Want as der gjin konkurrint komt foar Henk Veerman, kin hy him krekt as ferline seizoen wer de nedige 'snipperdagen' tastean."
© Omrop Fryslân
Fan hokker spiler kinne wy it meast ferwachtsje?
Andor Faber: "As je nei beide seleksjes sjogge, dan is Joey Veerman fierwei de bêste fuotballer. Mar ja, de fraach is hoelang't dy noch by Hearrenfean spilet."
Arjen de Boer: "Hoe't hy fuotballet, dy hoecht by wize fan sprekken gjin kontribúsje te beteljen. Ferline jier wie hy goed foar 7 doelpunten en 10 assists, prima statistiken. It is wol de fraach hoe motivearre oft Veerman noch is. Hy wol graach in transfer meitsje, mar as gjin inkele klup it bedrach op tafel leit dat Hearrenfean graach ha wol, dan bliuwt er gewoan yn Fryslân. Ik bin benijd hoe't hy dêrmei omgean sil."
Robin Maulun kin in revelaasje wurde.
Andor Faber
Andor Faber: "As Veerman fuort giet, ferwachtsje ik by Hearrenfean it meast fan Tibor Halilovic. By Cambuur sjoch ik it meast út nei Robin Maulun en hoe't hy him steande hâldt yn de earedifyzje. Mei syn fuotbalstyl kin hy in revelaasje wurde."
© Omrop Fryslân
Wa fan de twa klups einiget it heechst?
Andor Faber: "SC Hearrenfean. En dat liket my net mear as normaal. Hearrenfean is in fêste bespiler fan de earedifyzje en hat in hegere spilersbegrutting as Cambuur."
Arjen de Boer: "Ik fyn Hearrenfean op alle posysjes better as Cambuur en mei Joey Veerman hawwe se ek nochris in spiler mei eksepsjonele kwaliteiten. Mar ik fyn Cambuur mear in team en better op inoar ynspile. Konklúzje: it ûntrint inoar net in soad."
Op hokker plak einigje SC Hearrenfean en SC Cambuur?
Arjen de Boer: "De lêste trije jier einige Hearrenfean as 12e, 10e en 11e. Ik fyn net dat se har sa fersterke hawwe dat se folle heger einigje sille. Boppedat moatte we noch mar ôfwachtsje wat der bart mei Joey Veerman. Giet er wol of net fuort? Ik tink dat in einklassearring tusken plak 10 en plak 14 realistysk is."
Andor Faber: "Pfoe, moatte wy de glêzen bol der ek noch by pakke. Hearrenfean wurdt tsiende en Cambuur einiget as fyftjinde."