Femke Faber is selektearre foar it Nederlânske kuorbalteam

Femke Faber is taheakke oan it Nederlânske kuorbalteam. Bûnscoach Jan Niebeek fan Team NL Korfbal hat dat bekend makke. De 26-jierrige komt oarspronklik fan De Gordyk en spilet by LDODK. Sy is de iennige Fries yn Team NL.
Femke Faber © Orange Pictures
Faber hie it net ferwachte. Sy hat ea wol yn de seleksje sitten by de jongerein ûnder de 16 jier, mar sy krige dêrnei twa kear blessueren oan de knibbel. Faber tinkt noch hieltyd om 'e knibbel, mar kin yntusken sûnder pine spylje.
Team NL traint yn Papendal en is him op dit stuit oan it tarieden op it EK yn België. Neffens coach Niebeek past Faber goed by de spulwize en is sy goed yn it meitsjen fan kânsen en it frijspyljen fan oaren.