Magneetfiskers helje mysterieuze buis boppe wetter by Pepergea

13 aug 2021 - 11:07

Magneetfiskers hawwe in âld stik metaal boppe wetter helle yn de omkriten fan de Domeinweg, tusken Pepergea en De Blesse. De finers hawwe de plysje ynskeakele en de Explosieven Opruimingsdienst docht ûndersyk.

De mysterieuze buis:

It swiere foarwerp is yn Pepergea út De Lende helle, tusken de brêge fan de A32 en de spoarbrêge westlik dêrfan.

Foto: René Wiegmink / ProNews

Magneetklapper

De fynst waard dien troch Ivan Hofstee en syn famylje. "De magneet klapte op een stuk ijzer. Toen voelden we om te kijken wat het zou kunnen zijn, maar het was erg groot en zwaar. We hebben het uit het water gehaald en toen bleek het een soort kanon te zijn. Dat verwacht je niet."

De plysje by it foarwerp - Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

"Volgens de politie is het al oud, maar de EOD is onderweg en zal het onderzoeken", fertelt Ivan. "Het lijkt wel iets te zijn met schroefdraad, dus misschien is het nog van recenter datum. Misschien de Tweede Wereldoorlog. Er is ooit wel gevochten bij de Blesbrug, maar dit is een stuk verderop."

Ferslachjouwer Simone Scheffer yn petear mei Ivan Hofstee

Neffens plysjeman Nico Dijkstra is it no foaral efkes útsykjen wat der mei it foarwerp barre moat. "Mooglik is it in kanon, mar foar itselde jildt is it gewoan in buis. Dat litte wy de EOD ûndersykje. Wy wolle as plysje graach yn kennis steld wurde by sokke fynsten. Somtiden wurde der âlde wapens fûn."

(Advertinsje)
(Advertinsje)