Liveblog | 13 augustus 2021

Simmerblog: Simmer yn Lollum en Waaksens

Omrop Fryslân giet op roadtrip troch de provinsje: acht wiken lang komme wy del yn ferskate doarpen en stêden.
Lêst bywurke: 13 augustus 2021, 17:32
17:18

Ein fan dit simmerblog

Dêrmei komme we oan de ein fan dit simmerblog. Nije wike binne we der wer, dan binne we yn Mûntsjesyl.
17:17

Simmer op telefyzje

Yn it programma Simmer yn Fryslân is alle dagen te sjen wêr't we dy dei west ha. It is de hiele jûn troch op telefyzje, om kertier oer en kertier foar it hiele oere.
17:17

Gesellichheid op in picknickbank

Oan de ein fan de dei treft Arjen Auke Dijkstra. Hy is berne yn Lollum, en wennet no yn Waaksens.
© Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
"Yn 1995 sochten we in stikje grûn yn Lollum. It wie der net, mar yn Waaksens wie noch wat te keap. Om in lang ferhaal koart te meitsjen: it wie grûn fan de tsjerke. En de man dy't it yn behear hie, wie in buorman fan myn frou. We ha it direkt kocht."
Arjen yn de gesellichheid
16:17

Bioboer op neutrale grûn

Tusken Lollum en Waaksens stiet de buorkerij fan Lieuwe Meekma. "Sûnt 1997 binne wy biologysk boer."
Meekma wie der betiid by. "Noait spyt fan hân! It hat ús in 'boost' jûn om de saak goed oan te pakken. We soargje goed foar ús lân. It lân is de basis."
Op de terp hat argeologysk ûndersyk west, en der is fanalles fûn.
Arjen op neutrale grûn
15:42

De W fan Waaksens

No't Omrop Fryslân yn Waaksens is, hinget yn it hiele doarp de flagge út. Lolkje Mulder wit dêr mear oer. "Yn Simmer 2000 ha we ús eigen wapen meitsje litten."
© Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
It wapen fan Waaksens stiet op de flagge. "De W fan Waaksens is werkenber yn de giele trijehoeken. De klaver stiet foar it greidegebiet, en de einen foar de einekoer dy't eartiids yn it noarden fan it doarp wie."
Yn Lollum ha se de flagge net út. "Dat komt omdat we hjir yn Waaksens de flagge meitsje litten ha, en oan alle hûzen ha we dy jûn. Yn Lollum ha se wol in wapen, mar gjin flagge."
Arjen en de flagge
15:15

Bob (út Kanada) is al 10 jier dwaande syn hûs te ferbouwen

Der wennet in Kanadees yn Lollum. Bob Kuijpers. "Je hoort het misschien aan de Canadese klank in mijn Nederlands."
De heit en de pake fan Bob komme út Nederlân, mar wiene nei Kanada ferhuze. Bob ferhuze yn 1985 de oare kant wer út, "uit nieuwsgierigheid naar hoe mijn vader en opa het deden, hier te wonen en te leven."
Yn 2014 ferhuze hy nei Lollum. "Het was meteen duidelijk dat het een verbouw-huis zou worden. Hobbywerk. Er is een verbouwingsplan van 10 jaar, dus over 3 jaar hoop ik dat het einde in zicht komt."
Arjen by Bob Kuijpers