Skerms wurkje net om algen fuort te hâlden fan Harnzer strân

De proef om mei skerms it Harnzer strân frij fan algen te hâlden wurket net. No leit de smoargens net op it strân, mar der krekt foar. De skerms binne fuorthelle en der moatte no oare oplossingen betocht wurde.
De skerms binne fuorthelle:
It like earst net ferkeard, mar omdat de wyn benammen út noarden fan de kust ôf kaam, wie der ek net in soad oanfier fan slyk en algen. Dat feroare doe't de wyn nei it súdwesten draaide mei in soad rein.
"Wat we vorige week hebben gezien, is veel wind en veel regen", seit wethâlder Erik de Groot fan Harns. "Er wordt gespoten en er wordt op dit moment veel algenafval afgevoerd vanuit het IJsselmeer. Met zuidwesten wind komt dat op het strand terecht. Dat wisten we en dat is natuurlijk niet nieuw, maar we hoopten wel dat de schermen hun rol gingen vervullen."
Algen op it strân fan Harns © Omrop Fryslân, Remco de Vries

Effekt

De skerms dienen wol wat, mar it effekt wie net wat der fan ferwachte waard, seit De Groot:" Het effect daarvan is dat het daar bezinkt en je daarmee slikvorming krijgt op plekken waar je het niet verwacht."
En der sit te min beweging yn it wetter om dat slyk wer ôf te fieren, wêrtroch't der úteinlik dochs wer in 'smurry' ûntstiet krekt foar it strân. De proef is noch net foarby en der wurdt sjoen nei alternative oplossingen.