Fryske fiskers bringe ramp-rivierkreeft oan de man: “Krekt in gamba”

13 aug 2021 - 06:48

Wy moatte massaal oan de rivierkreeft. Allinne dan is it foar fiskers rendabel om it bist te fangen. No foarmet de rivierkreeft foar fiskers foaral in ferfelende byfangst. It wurdt sawat in pleach, seit de Redúster fisker Ale de Jager.

Ale de Jager - Foto: Fiskerijburo De Jager

De Jager fisket op iel, mar komt de rivierkreeft hieltyd faker tsjin by syn fisktochten. "Wy fernimme echt dat we alle jierren mear fange", fertelt er. "Sy sitte dan as byfangst yn de ielfûken. Moatst se derút helje of derút plukke, want se hâlde bot fêst. Se rûgelje der samar net út, hast der in hiel soad wurk fan."

Ferskrikking

De rivierkreeft heart hjir net thús. "It giet om de 'gevlekte Amerikaanse rivierkreeft'", wit De Jager. "Yn 1969 is er yn Amsterdam foar it earst waarnommen, yn de grêften dêr. Hy sil wol meinaam wêze. En no is er oer hiel Nederlân ferspraat, in ferskrikking."

Foto: Jos de Schiffart, Waarneming.nl

De earste kearen dat De Jager de rivierkreeft fong, joech er se fergees fuort. "Ik sei tsjin minsken dat se it mar ris besykje moasten, oft se it lekker fûnen. Mar it is in soad wurk om it klear te meitsjen."

Se binne wol yn te nimmen hear. Krekt in gamba.

Ale de Jager

Lekker is it wol, fynt de fisker. "Se binne wol yn te nimmen hear. Krekt in gamba. En as je it aardich fine om iten klear te meitsjen, dan kinst der in leuke middei fan meitsje. It is ek nochris sûn."

Om rivierkreeft wat mear oan de man te bringen, hat miljeu-organisaasje Good Fish in kaart makke wêrmei't minsken de rivierkreeften by lokale fiskers bestelle kinne. Dat kin ek yn De Fryske Marren, Súdwest-Fryslân, Ljouwert en Smellingerlân. En wa't dat net sels klearmeitsje wol as iten, kin sjen by watfoar restaurants se de rivierkreeft op it menu ha.

Skea oan diken

Salang't net genôch minsken rivierkreeft ite, bliuwt De Jager der dus mei sitten. Ferfelend foar fiskers dus, mar ek foar de wetterskippen. "Se meitsje ek hollen yn diken. As der te folle fan komme, dan krijst der echt skea fan. Dus wetterskippen sitte no ek te tinken: wat moatte wy hjirmei?"

Fiskers lykas De Jager wolle wol helpe, want sy hawwe dêr it geskikte materiaal foar. "Mar om it allegear pro deo út it wetter te heljen, dat wurket ek net. Hast der in bealch fol wurk fan. Wy wolle der graach ôf."

(Advertinsje)
(Advertinsje)