Drûge dagen smite bouboeren drokte op: "Elkeneen wil graag op 't lêste momint"

12 aug 2021 - 19:57

It wurdt de kommende dagen drok op it lân. Boeren gripe dizze koarte drûge perioade oan om har gewaaksen fan it lân te heljen.

Foto: ANP

De ôfrûne tiid is in protte rein fallen en dat soarget dat it seker yn it Noarden fan de provinsje dreech wie om it lân op te gean. Dêr hâldt it gewaaks gjin rekken mei.

Tineke de Vries is fan lânbou-organisaasje LTO Noord en sels ek bouboer, tusken Hallum en Ouwe Syl. Dêr ha se ek in soad reinwetter hân. "Oflopen weekeand soa'n 70 millimeter, de week derfoor 80. 't Telt arig op."

Graan derôf is de grutste toer

Yn it Noarden fan de provinsje giet it benammen om ikkerbou. "'t Graan mot d'r nag ôf, dat is de groatste toer." Foar ierappels en sipels is de rispinge letter.

De drûge dagen soargje dus foar in soad ekstra drokte by leanbedriuwen. "Elkeneen wacht en wil graag op 't lêste momint, dus dat sil frijdeg of saterdeg worre. Maar der motte ok maar mesines foorradig weze. Niet alles sil d'r deuze dagen ôfkomme, dat is wel wis." Augustus en septimber binne gewoanwei ek de drokke moannen foar de rispinge.

Noch gjin ramp

Dan is drûch waar wolkom, mar neffens de foarsizzingen komt der op koarte termyn mear rein oan. De Vries: "Ik hoop dat 't in 't weekeand wat metfâlt en wij derna weer de goeie kant opgaan. Der is hier en der al wat ska, in lege stikken in slinken. Die ska is ok nag fan 't begin fan 't seisoen." Fan in ramp wol se net sprekke, de rispinge is net ferlern gien.

It is wol in grut ferskil mei de ôfrûne, drûge jierren. "Nou sien wy weer dat 't ok âns kin", seit De Vries. "Wij hewwe drie hele droge jaren had. Doe praatten wy over de anfoer fan water. Nou is 't heel belangryk dat wij 't ok ôffoere kinne."

Trefwurden: 
LTO reinwetter bouboer ikkerbou
(Advertinsje)
(Advertinsje)