UPDATE: A32 by Wolvegea is wer iepen

De sneldyk A32 fan Wolvegea yn de rjochting nei Meppel hat tongersdeitejûn in skoft ticht west. Oarsaak wie in ûngelok mei in camper en in bakwein.
File nei it ûngelok op de A32 © BTBfotografie
De ôfsluting fan de dyk hat sa'n twa oeren duorre. De dyk moast skjinmakke wurde en de skansearre fangrail reparearre. Earst wie der noch sprake fan in plysje-ûndersyk, mar dat bliek net nedich te wêzen, meldt Rykswettersteat.

Ferkear moat omride

It ferkear dat by Wolvegea del moast nei Meppel waard no by knooppunt Hearrenfean omlaat oer de A7 en A6.
It is net bekend oft by it ûngelok ek minsken ferwûne rekke binne.