Twadde skûtsje foar museum Earnewâld wer yn orizjinele steat brocht

12 aug 2021 - 17:10

It skûtsjemuseum yn Earnewâld krijt njonken de Aebelina in twadde skûtsje. Yn oktober moat it skûtsje Risico by it museum lizze. It skûtsje út 1922 wurdt op dit stuit restaurearre by de skipswerf yn Frjentsjer.

Dit is it twadde skûtsje foar it museum:

De Risico is troch skipper Sikke Heerschop skonken oan it museum. "Dat is fantastysk. Wy wiene wol ferrast dat it oan ús skonken waard troch Sikke Heerschop, mar it is in prachtich ferlingstik fan ús museum", seit foarsitter Jan de Wilde fan it Skûtsjemuseum.

In echt frachtskip hie it museum noch net. "De skippen dy't der op dit stuit lizze kinne ferkocht wurde. Mar dit skip is fan ússels en it komt foar it museum te lizzen. Yn gearwurking mei de gemeente hawwe wy in plak krigen. As it meisit kin er 2 oktober yn it wetter", hopet De Wilde.

Lange histoarje

Yn totaal nimt de totale restauraasje sa'n seis moannen yn beslach. "Eartiids fear er as frachtskip, letter wie er in wenskip yn Ljouwert en yn de SKS hat er as de Ulbe Zwage fearn. Uteinlik bedarre it skûtsje by de IFKS en no hawwe wy him krigen foar it museum", leit Age Veldboom út.

Skûtsjesaakkundige Age Veldboom en foarsitter Jan de Wilde fan it Skûtsjemuseum

It skûtsje wurdt wer yn orizjinele steat brocht. "De mêstkoker nei foaren, it roefke nei efteren, der moat in soad dien wurde." Foar de wurkploech lizze der âlde foto's, om yn oantinken te bringen hoe't it ea wie.

Ien kear goed

Veldboom: "No't it boufak is, wurdt hjir op de werf net wurke mei sliperij en laskerij. Sadwaande koene wy moai fervje. As it skûtsje aanst yn Earnewâld yn de feart leit, moat er der op syn minst fyftjin jier lizze. Dus wy dogge it no yn ien kear hartstikke goed."

Foarsitter De Wilde is grutsk en bliid mei alle stipe dy't it museum krigen hat. "Wy hawwe it dreech hân mei corona, mar wy hawwe ek in ferbouwing dien mei alle frijwilligers. Hoefolle support wy fan bedriuwen krigen hawwe, dat is net te leauwen. As wy it sels allegearre betelje moatte, dat is ûnmooglik."

(Advertinsje)
(Advertinsje)