Hynder (41) dea nei stiennesmiterij fan ûnbekenden

Doe't ûnbekenden yn Ried stiennen yn in stâl smieten, is in hynder sa bot ferwûne rekke dat it ôfmakke wurde moast. Dat meldt de plysje. It hynder wie 41 jier âld.
It hynder © Klaas Scheffer
De plysje freget minsken dy't wat sjoen ha, oft se har melde wolle.
It is útsûnderlik dat in hynder sa âld wurdt. Neffens saakkundigen wurdt in hynder gemiddeld sa'n 25 jier âld. As se âlder binne as 15, kinne je se sjen as hynders 'fan âldere leeftiid', en boppe de 20 binne se 'bejaard'.
It hynder stie yn in stâl oan de Zevenhuisterwei yn Ried. Tiisdeitemoarn soene dêr de stiennen nei binnen smiten wêze, tusken tsienen en alven.
Nei alle gedachten is it hynder sa bot fan de stiennen skrokken, dat it ferwûne rekke is. De feedokter konstatearre dat it bist de skonk brutsen hie, en hat it bist ynsliepe litten.