GGD: 68 prosint Fryske eilânjeugd is folslein faksinearre

Op de fjouwer Fryske Waadeilannen is op syn minst 68 prosint fan de jeugd tusken de tolve en achttjin jier faksinearre. Fan de 593 jongeren yn dy leeftiidsgroep ha 405 in earste en twadde prik krigen.
In jonge ynwenner fan Skylge krijt in faksinaasje © ANP
Dat seit de GGD Fryslân tsjin it parseburo ANP. De eilânjeugd hat allegear it faksin fan Pfizer krigen.
Op Flylân is 60 prosint fan de jeugd folslein faksinearre: 40 fan de 66 jongeren ha twa prikken hân. Op Skylge giet it om 185 fan de 266, dat is goed foar hast 70 prosint. Op It Amelân ha 148 fan de 220 twa prikken hân, dat is 67 prosint. En op Skiermûntseach ha 32 fan de 41 jongeren twa faksinaasjes hân (78 prosint).

Ofspraak net nedich

De GGD Fryslân kaam begjin dizze moanne spesjaal nei de eilannen en hat by de jongeren de twadde prik set. Dat barde by de earste prik ek al. Se hoegden gjin ôfspraak te meitsjen foar in faksinaasje.
Noch 87 jongeren ha de twadde prik net hân. Dat komt mooglik trochdat guon jongeren mooglik sels corona hân ha, dan is ien prik genôch. In oare reden kin wêze dat de jongeren op fakânsje wienen doe't de GGD del kaam. Wa't noch in twadde prik ha moat, kin dy sels helje oan de wâl.