Watfoar skjinmakmiddel soarget derfoar dat de brânwacht útride moat?

12 aug 2021 - 15:47

Dat minsken op De Harkema lêst krigen fan in ferfelend gefoel oan de eagen, kaam trochdat in boer yn de omkriten de stâl ûntsmette mei formaline. Dat meldt in wurdfierder fan de gemeente Achtkarspelen.

Foto: Noordernieuws

Neffens de Gezondheidsdienst voor Dieren (GD) is formaline populêr foar it desynfektearjen fan plomfeestâlen. Nei de behanneling liet de boer de stâl luchtsje. De GD seit dat dat nedich is, foardat minsken wer yn de stâl komme kinne. "Bij onzorgvuldig gebruik is formaline gevaarlijk."

De brânwacht op De Harkema wie yn de nacht fan woansdei op tongersdei oeren dwaande om de oarsaak fan de lucht te achterheljen. Trochdat it wynstil wie, bleau de lucht yn de omjouwing hingjen. Neffens de gemeente hat de boer de regels folge.

Formaline is in oplossing fan formaldehyde yn wetter. De GD warskôget foar it middel. "Wanneer u formaline ruikt, is de grenswaarde al overschreden."

Pine yn de eagen

Al by hiele lege konsintraasjes is de formaldehyde te rûken, en ûntstiet der yrritaasje fan it slymflues yn de eagen, de noas en de kiel. As de konsintraasje wat heger wurdt, ûntstiet in stekkende pine yn de eagen.

Foto: Noordernieuws

Formaldehyde wurket tsjin hast alle firussen, skimmels, gisten en baktearjen, meldt de GD. "Het is niet selectief, dat wil zeggen dat het niet alleen de cellen van micro-organismen kapotmaakt, maar ook menselijke en dierlijke cellen."

De gemeente Achtkarspelen melde earder op de dei dat op De Harkema ek minsken west ha soene dy't lêst fan de eagen krigen.

Mooglik kankerferwekkend

It International Agency for Research on Cancer (dat ûndersyk docht nei kanker) meldt dat formaldehyde 'mooglik kankerferwekkend by minsken' is. By rotten en mûzen is dêr bewiis foar. By minsken net.

Ut ûndersyk hat wol bliken dien dat by minsken dy't in protte yn oanrekking kamen mei formaldehyde faker kanker foarkaam, mar wittenskiplik koe dat net fêststeld wurde, meldt de GD.

Gefaarlik en goedkeap

"Formaline hat twa foardielen", seit Piet Faber fan boerebelange-organisaasje LTO Noord. "It is effektyf, en goedkeap."

It produkt wurdt hieltyd minder brûkt. Der binne alternativen dy't minder skealik binne, mar yn guon gefallen is formaline wol 'it guod om te hawwen'. By in salmonellabesmetting bygelyks. Sa'n besmetting soe der op De Harkema ek west ha.

Saakkundigen út de plomfeesektor sizze tsjin Omrop Fryslân dat formaline net gefaarlik is, as it op deskundige wize brûkt wurdt.

De gemeente Achtkarspelen meldt dat de geur gjin gefaar foarme foar de sûnens fan minsken en bisten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)