92 nije coronabesmettingen, ien sikehûsopname

12 aug 2021 - 15:20

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 92 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Dat binne 24 mear as woansdei. Doe gie it om 68 besmettingen.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 76 besmettingen meld yn Fryslân. Woansdei lei dat trochsneed op 74, in wike lyn op 84.

De measte nije besmettingen binne registrearre yn de gemeente Ljouwert (16). Dêrnei komme Waadhoeke (13) en De Fryske Marren (10).

Trije gemeenten melde gjin nije besmettingen. It giet om Flylân, Skylge en Skiermûntseach.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Gjin stjergefallen, ien sikehûsopname

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der is ien Fries mei it coronafirus yn it sikehûs opnaam. It giet om in ynwenner fan de gemeente Ljouwert.

14 sikehûspasjinten, 7 op intensive care

Op dit stuit lizze der fjirtjin pasjinten mei it coronafirus yn de Fryske sikehuzen, dat hat it Acute Zorgnetwerk Noord-Nederland bekend makke. Dêrfan lizze sân pasjinten op de intensive care en ek sân op oare ôfdielingen.

It tal besette bêden yn de Fryske sikehuzen (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 2.614. Yn trochsneed binne der yn Nederlân de ôfrûne wike alle dagen 2.370 besmettingen by kaam.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)