Hichtepunten fan de fierljepstriid yn Drylts: tarieding foar twakamp

De Fryske fierljeppers meitsje har op foar de twakamp tsjin de Hollanners. De wedstriid fan woansdei yn Drylts lit sjen dat de foarm goed is. Dy twakamp is sneon yn Vlist (Súd-Hollân).
De hichtepunten fan de Fryslân Cup yn Drylts:
De twakamp is de iennige fierljepwedstriid wêrby't it draait om de teamprestaasje. De optelsom fan de fierste Hollânske topsprongen foar de Fryske sprongen oer yn alle fiif groepen (manlju, froulju, junioaren, jonges en famkes) leveret de úteinlike winst op.
Fan de lêste acht twakampen wisten de Hollanners fiif kear te winnen. Ferline jier waard de twakamp skrast fanwegen it coronafirus, twa jier lyn wûnen de Friezen yn Drylts.

Ferline kear lyts ferskil

Doe wie it ferskil lyts: Fryslân 393,34 meter tsjin Hollân 391,60 meter: in ferskil fan 1,74 meter. Dat is oer 24 springers dus mar goed sân sintimeter de dielnimmer yn it foardiel fan de Friezen.
De twakamp tusken de Hollanners en de Friezen yn Vlist is sneon live te folgjen by Omrop Fryslân. De livestream set útein om 14.00 oere en is te sjen fia ús webside, de Omrop-app en op YouTube.