Junior Wisse Broekstra ljept it fierst yn Drylts, Sytse Bokma wint by senioaren

By it fierljeppen yn Drylts hat junior Wisse Broekstra woansdeitejûn de fierste ôfstân fan de wedstriid delset. Hy ljepte in ôfstan fan 20,06 meter en pakte dêrmei de winst yn syn kategory. It wie gelyk ek in nij skânsrekôr. By de senioaren wie it earste plak foar Sytse Bokma, mei in ôfstân fan 20,05 meter.
Wisse Broekstra © Martin de Jong
Bokma liet mei syn winnende sprong Ysbrand Galama en Jan Teade Nauta efter him. De nûmers twa en trije kamen net boppe de 20 meter út. De fierste sprong fan Galama kaam op 19,50 en dy fan Nauta op 18,89. Oergongsklasser Bauke de Jong út Parregea makke yndruk mei in sprong fan 19.39 meter. Troch dat resultaat promovearret hy nei de topklasse, te'n koste fan Age Hulder út Burgum.
Sytse Bokma
By de junioaren wie de winst dus foar Broekstra, mei 20,06 meter. Op it twadde plak einige Rutger Haanstra mei 19,33 en it tredde plak wie foar Minne Smit mei 17,89.

Skânsrekôr

Wisse Broekstra ferbettere syn eigen skânsrekôr foar de twadde kear dit seizoen. Op 7 july kaam hy yn Drylts ta 19,99 meter, en no dus foar it earst oer de tweintich meter.
Wisse Broekstra

Winst foar Sigrid Bokma

De winst by de froulju gie nei Sigrid Bokma, dy't mei har sprong fan 14,61 Maureen Poiesz (14,57) en Tirza Boschma (14,18) efter har liet.
By de jonges ljepte Germ Terpstra it fierst. Hy sette in ôfstân del fan 17,19. Inger Haanstra wûn by de famkes mei in sprong fan 14,43.

Min waar

De wedstriid yn Drylts waard in pear kear ferset fanwege it minne waar. It wie de tsiende wedstriid fan it seizoen en telt as earste klasse wedstriid mei foar it klassemint.