Steuring spoaroergong De Westereen "skearing en ynslach", noch gjin oplossing

11 aug 2021 - 20:37

Ynwenners fan De Westereen sjogge der yntusken net mear nuver fan op as de slachbomen by de spoaroergong oan de Noarder Stasjonsstrjitte net omheech gean. Woansdeitemoarn wie it opnij raak. ProRail seit dat it struktureel ferhelpen fan it probleem noch wol jierren duorje kin.

Problemen mei spoaroergong De Westereen

Automobilisten, fytsers en kuierders negearren it reade ljocht en de alarmbellen woansdeitemoarn. Masinisten fan Arriva toeteren om te warskôgjen. De oergong waard nei ferrin fan tiid troch de plysje ôfset mei lint. Neffens restauranteigener Melle Prins, dy't mei syn saak njonken it spoar sit, duorre it in heal oere foar't de plysje der wie.

Skoft wachtsje

"Nei in skoftsje tinke je: dit duorret al lang dat de spoarbomen wer omheech gean", seit Prins. "Mar ik hie it ek fuort wol yn de gaten, omdat it skearing en ynslach is."

Marijke Wijmenga stie al in skoft te wachtsjen oant de spoaroergong wer iepengie, wylst de trein al foarby kaam wie. "Dan tinke je earst: der komt fan de oare kant noch ien. Mar der kaam neat en hy bleau mar troch tingeljen."

"Oarsaak ûndúdlik"

ProRail sei yn earste ynstânsje dat de problemen by de spoaroergong oant no ta as lossteande ynsidinten besjoen binne en dat de oarsaak ûndúdlik is. Nei rûnfraach by de technisy docht bliken dat it probleem feroarsake wurdt troch in ferâldere fieding. Troch dy te ferfangen wurket de spoaroergong yntusken wer.

Neffens wurdfierder Coen van Kranenburg fan ProRail moat de spoaroergong yngreven oanpakt wurde, mar sil de útfiering fan dat wurk noch in skoft op him wachtsje litte fanwege in goeie tarieding en planning. It treinferkear sil troch it wurk in oantal dagen stremd wêze.

(Advertinsje)
(Advertinsje)