Plomfeehâlder Twijnstra fan It Heidenskip hat al alternatyf foar plofhin

11 aug 2021 - 19:45

Yn 2023 is de plofhin net mear te keap yn de supermerk. De lêste supermerkketen hat woansdei sein op te hâlden mei it ferkeapjen derfan. Foar de plomfeehâlders net ûnferwachte, want dy sjogge al langer nei oare fertsjinmodellen. Sa ek maatskip Twijnstra-Wijnja op It Heidenskip, dy't sûnt koart oer is op de saneamde '1 ster Beter Leven kip'.

Folkert Twijnstra op syn pleats - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

"Sjoch, dit binne de lytse pykjes", begjint Folkert Twijnstra syn ferhaal, wylst hy in doar fan de stâl iependocht. Hy is sûnt 2015 dwaande mei de oergong nei in oare foarm fan it hâlden fan plomfee. Minder hinnen is it doel.

Efter de doar drave lytse pykjes fan de iene nei de oare kant. Grutte, giele ljochten hâlde de stâl waarm, sa't de bistjes groeie kinne. It is de twadde ljochting '1 stjer hin'. Dizze hin is om de 56 dagen hinne klear foar de ferkeap. By de reguliere hin is dat rapper.

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Mar dat is net it iennige ferskil. "Dizze hin hat mear romte", seit Twijnstra. "Je moatte rekkenje yn kilo de fjouwerkante meter. Dizze hin hat 25 kilo de kante meter. Reguliere hinnen sitte op 42 kilo de kante meter. Dat is dus folle mear op sa'n lyts hokje."

Twijnstra stiet efter de feroaringen en tinkt dat it de takomst is. Neffens him is der in soad te heljen as boeren lytser kinne, mar dan moat it wol wat opsmite. "Mar je wurde der eins ek ta twongen. De retailers bepale de koers en dêr moatte je it mei dwaan", seit er.

De '1 stjer hinnen' fan Twijnstra ha mear romte - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

"Foarhinne hie ik 180.000 hinnen en dêrfan binne der no noch 80.000 oer. Dat is dus in flink ferskil", seit Twijnstra. "As de konsumint de priis betellet, dan is dat foar ús ek prima te dwaan. Somtiden sitte je noch wat mei de prizen fan it foer, want dy kinne heech wêze."

De omslach is noch net hielendal klear, want der moat noch wat ferboud wurde op de buorkerij. "We wolle in fergunning foar in 'útloop' krije, sadat de bistjes moai nei bûten kinne. Dy oanfraach leit by de gemeente en hooplik is dat gau rûn."

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort by de maatskip fan Folkert Twijnstra

(Advertinsje)
(Advertinsje)