Outsider Tsjom wint 119e Freule nei spannende finale tsjin Jellum-Bears

11 aug 2021 - 18:27

It partoer fan Tsjom hat yn Wommels de 119e Freulepartij wûn. De Freule is de belangrykste keatspartij foar jonges ûnder de 18 jier.

Foto: Dijks Fotografie

It partoer fan Tsjom hat oant 5-5 yn de finale net ien kear foar stien. Jellum-Bears wie fan begjin ôf oan favoryt foar de oerwinning.

Steven Koster, Robin Benders en Jorrit Palma fan Tsjom wûnen yn de finale fan Wiebe Siemen Leenstra, Harold de Boer en Jelmer Miedema fan Jellum-Bears mei 5-5/6-4.

De lêste slach fan de finale

Topper Steven Koster fan Tsjom, dy't in wike lyn noch op de PC stie, waard healweis de finale noch behannele troch de fysioterapeut, mar koe wol fierder keatse. Hy makke de beslissende sitbal.

Titanestriid

It partoer fan Tsjom wie foar de finale al skjin oan de ein, nei in heale finale dy't in titanestriid waard. Mei alles oan de hang koe Tsjom mar krekt winne fan de Boalserters Dietmer Kuperus, Yoram Elzinga en Stijn Vincken.

Jellum-Bears wûn mei 5-3/6-0 de heale finale relaltyf maklik fan Jari Visser, Colin Baarda en Nick Visser fan Wytmarsum.

Trefwurden: 
keatsen Wommels Freule
(Advertinsje)
(Advertinsje)