Risikonivo foar coronafirus yn Fryslân omleech nei 'zorgelijk'

Trochdat it tal positive tests en it tal sikehûsopnames ôfnimme, kin yn tolve regio's fan Nederlân it risikonivo foar it coronafirus omleech. Foar Fryslân jildt dêrom dat it risikonivo fan 'ernstig' nei 'zorgelijk' giet.
© Shutterstock.com (Horth Rasur)
De oerheid hat de status fan de 25 feilichheidsregio's woansdei wer fêststeld. Mei Fryslân geane ek IJsselland, Gelderland-Midden en Noord-Holland fan 'ernstig' nei 'zorgelijk'.
Grinslân giet mei Gooi en Vechtstreek yn ien klap twa stappen nei ûnderen. Se stiene beide sûnt 13 july op it heechste nivo, 'zeer ernstig', mar ha no de status 'zorgelijk'.

De risikonivo's fan leech nei heech:

Twente, Utrecht, Zaanstreek-Waterland, Kennemerland, Hollands Midden en Brabant-Zuidoost sakje fan 'zeer ernstig' nei 'ernstig'.
Limburg-Noord is de iennige regio dy't omheech giet, fan 'ernstig' nei 'zeer ernstig'.