RIVM: 68 nije besmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 68 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Dat binne 10 minder as tiisdei. Doe gie it om 78 besmettingen.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 74 besmettingen meld yn Fryslân. Tiisdei lei dat trochsneed op 78.
De measte nije besmettingen binne registrearre yn de gemeente Ljouwert (15). Dêrnei komme De Fryske Marren (8) en Opsterlân (7).
Fjouwer gemeenten melde gjin nije besmettingen. It giet om alle Fryske Waadeilannen: It Amelân, Skiermûntseach, Skylge en Flylân.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Gjin stjergefal, ien sikehûsopname

Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren gjin nij stjergefal meld as gefolch fan it coronafirus. Der is ien Fries mei it coronafirus yn it sikehûs opnaam. It giet om in ynwenner fan de gemeente Smellingerlân.

16 sikehûspasjinten, 7 op intensive care

Op dit stuit lizze der 16 pasjinten mei it coronafirus yn de Fryske sikehuzen, dat hat it Acute Zorgnetwerk Noord-Nederland bekend makke. Hjirfan lizze 7 pasjinten op de intensive care, 9 op oare ôfdielingen.
It tal besette bêden yn de Fryske sikehuzen (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):
Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 2.155. Yn trochsneed binne der yn Nederlân de ôfrûne wike alle dagen 2.480 besmettingen by kaam.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.