Dit wie de Freule fan 'Kening sûnder kroan' Steven Koster

12 aug 2021 - 10:05

It is dat der op de Freule gjin Kening keazen wurdt, want oars wie Steven Koster it wurden. "Fansels", sei ferslachjouwer Roelof de Vries nei ôfrin. "Al ha de oare jonges ek dien wat se koene."

Sjoch hjirûnder nei in wiidweidige gearfetting fan de Freulepartij.

Tsjom stie mei 4-1 achter, Koster krige in blessuere, en it partoer wie al skjin oan de ein nei in slopende heale finale tsjin Boalsert. Mar dochs wûnen Steven Koster, Robin Benders en Jorrit Palma de 119e Freule. It is foar it earst dat dy priis nei Tsjom giet.

Koster makke de beslissende sitbal. Hy wie de sterkste fan it partoer. In wike lyn stie er noch op de PC. Doe fleach er der yn de earste omloop ôf. No nimt er de krâns en it gouden klokje mei nei hûs.

Trefwurden: 
keatsen Wommels Freule
(Advertinsje)
(Advertinsje)