Groepspetearen 'In je Uppie' tenei ek yn De Fryske Marren oanbean

11 aug 2021 - 13:46

Alderein mei-inoar yn petear bringe oer saken dêr't je gewoanwei net sa gau oer prate. Dat is it idee efter In je Uppie, in inisjatyf dat troch Sociaal Werk De Kear en Stichting De Friesland no ek yn gemeente De Fryske Marren lansearre is.

Foto: Shutterstock.com (Pressmaster)

De bedoeling is dat der praat wurdt oer ûnderwerpen dy't der ta dogge as je âlder wurde, seit Francien Bekius fan De Kear. "Gewoanwei hawwe je it miskien net faak oer de wichtige tema's, mar yn in groepke kinne je it der mei in petearlieder wol makliker oer hawwe. It meast wichtige doel is dat wy âlderein mei-inoar yn kontakt bringe."

Wichtige tema's

It giet oer tema's as freonskip en famylje, mar ek bygelyks oer ôfskied. "Dat binne saken dêr't je gewoanwei net mei eltsenien oer begjinne. Mar wy hawwe oardel oere de tiid, wy kinne echt nei inoar harkje. Dat is makliker as bygelyks op in jierdei by in oar."

Frijwilligers begeliede de petearen, sy hawwe der allegearre in training foar folge. "Der is noch genôch plak", seit Bekius. "En ek yn oare gemeenten binne se mei In je Uppie dwaande."

Francien Bekius, buertwurker by De Kear

(Advertinsje)
(Advertinsje)