Fryske atletykferieningen hoopje op nije oanwaaks nei Olympyske Spelen

It suksesfolle optreden fan de Nederlânske atletykploech by de Olympyske Spelen soarget ek by de klups yn it lân foar nije oanwaaks, tinkt foarsitter Sietse van der Mei fan AV Heerenveen.
Nije oanwaaks by atletykferieningen
Van der Mei hat goeie hoop dat der nei de simmerfakânsje nije bern har oanmelde sille, benammen by de baanatletyk. Dat is it gefolch fan it 'Sifan Hassan- of Femke Boleffekt', dy't op de Olympyske Spelen ferskate medaljes hellen.

Rolmodellen

"Wy merke by de groepen wol dat eltsenien entûsjast is oer wat der op de Spelen dien is", seit Van der Mei. "Troch de coronatiid hawwe wy wol leden ferlern, benammen by de senioaren. Dus wy hoopje wol dat dit in moaie ympuls jout. It binne rolmodellen, ek foar de breedtesport."
© Shutterstock.com (Juice Dash)
Foarsitter Sietse van der Mei fan AV Heerenveen
Van der Mei en de oare leden binne tige grutsk op AV-Heerenveen-atlete Andrea Deelstra. Sy helle op de Olympyske Spelen in 43e plak by de maraton foar froulju. As stipe hat de Olympyske flagge wiken op de atletykbaan wappere.