Allinne faksinearre bern mei op Wylde Swan: guon âlden 'hiel negatyf'

De organisaasje Masterskip lit allinne learlingen ta op de edukative reizen mei it Fryske tallship de Wylde Swan as sy faksinearre binne. Neffens de reisorganisaasje reagearren guon âlden dêr hiel negatyf op.
De Wylde Swan © Masterskip
Masterskip besiket lykwols dúdlik te meitsjen dat de coronaregels der net foar neat binne. By de eilannen dêr't op fearn wurdt, binne somtiden strange regels foar wa't der fan board mei en wa net.
Op it eilân Dominica soe bygelyks in lange karantêneplicht mei in tal testen folgje moatte. Op sa'n wize is it ynternasjonale programma fan Masterskip net út te fieren.

Belied

Oare âlden binne wol begrypfol en Masterskip jout oan dat it ek al belied is by bygelyks giele koarts of hepatitis A.
Op dit stuit fart de Wylde Swan mei in folslein faksinearre bemanning yn Yslân. Yn novimber sette de ûnderwiisreizen fan Masterskip útein.