Voedselbank Ljouwert brûkt earst sporthal as opslach nei ûngedierte

Voedselbank Ljouwert mei foarearst sporthal Nijlân oan de Van Loonstraat brûke as opslachromte. Freed die bliken dat de Voedselbank al it iten fuortsmite moast, om't der muzen en rotten by it iten sieten yn de eigen opslach oan de Tylkedam.
© Shutterstock.com (Habrovich)
In ûngediertebestrider is drok dwaande om de rotten en muzen fuort te krijen. Frijwilligers helje de opslachromte leech, om't rotten in grutte syktefersprieder binne, soe it in risiko wêze om it iten lizze te litten. Om de opslach hinne is de gemeente oan it snoeien, sa't de tagong nei it gebou minder oantreklik foar it ûngedierte wurdt.

Oanpassingen kinne lang duorje

Gemeente Ljouwert is eigener fan it gebou. Dêrom ûndersiket de gemeente watfoar maatregels der nedich binne. Dêr hearre ek 'bouwkundige aanpassingen' by, sa skriuwt gemeente Ljouwert.
It kin lykwols moannen duorje foar't de Voedselbank wer gebrûk meitsje kin fan it pân. Dêrom mei de Voedselbank foarearst sporthal Nijlân brûke.

Foarried opbouwe

De Voedselbank hat in oprop dien om te helpen wer oan in foarried hâldbere produkten te kommen. Nei takom moandei moatte sy wer leverje kinne. Oant dy tiid hawwe de húshâldingen dy't fan de stipe ôfhinklik binne, itensbonnen krigen.