OERSJOCH: Tsjom út de skroeven nei winst op Freule | Jellum-Bears gûlt

11 aug 2021 - 20:08
  • De 119e Freule is wûn troch Steven Koster, Robin Benders en Jorrit Palma fan Tsjom;
  • De finale duorre hast oardel oere, en Tsjom hat oant 5-5 net ien kear foar stien;
  • Jellum-Bears ferliest finale foar twadde jier op rige;
  • De Freule yn Wommels is de belangrykste keatspartij foar jonges ûnder de 18 jier;
  • Yn dit liveblog die Omrop Fryslân de hiele dei ferslach fan de wedstriid.
19:48
Ein fan dit liveblog

Hjirmei komme we oan de ein fan dit liveblog oer de Freule. Tige tank foar it folgjen!

19:31
Huldiging op it keatsfjild fan Wommels

De krânsen binne foar Steven Koster, Robin Benders en Jorrit Palma. In Kening wurdt der by de Freule net ferkeazen.

19:27
Wat in dei

Wat in dei, sa'n Freuledei! En as je dy yn in heale minút gearfetsje wolle, dat sjocht dat der sa út.

18:50
"We stiene 4-1 foar, it moast al lang kear wêze"

"It hold ynienen op", seit Harold de Boer fan Jellum-Bears. "Tsjom kaam werom, en doe waard it dreger." Hy kin noch laitsje.

Foarich jier hat Jellum-Bears de finale ek ferlern, mar dat spile net mei, seit er. "Dêr ha ik gjin lêst fan", seit De Boer. It wie syn lêste kâns, op de Freule. Takom jier is er te âld. "Ik baal wol, mar úteinlik bin ik ek wol tefreden."

18:50
Tsjom is út de skroeven

Steven Koster wit it net mear, direkt nei de finale. "Ik bin hjir sa bliid mei!" De triennen streame by him oer it gesicht. "We ha hjir sa lang foar traind."

"Ik tocht dat se oer ús hinne rûnen. Mar we pakke se! Hearlik! De lêste slach wit ik net iens mear!"

18:30
Triennen by Jellum-Bears

Foar it twadde jier op rige ferliest Jellum-Bears de finale fan de Freule. It binne triennen. "Je steane 4-1 foar, en je kinne it útmeitsje. Wat stom!" seit ien fan de keatsers direkt nei ôfrin tsjin Geert van Tuinen.

Foto: Omrop Fryslân
18:28
TSJOM WINT 119e FREULE

Tsjom wint mei 5-5/6-4!

De lêste slach fan de finale

18:25
Tsjom oan de lieding: 5-5/6-4

Tsjom oan de lieding: 5-5/6-4

18:23
Jellum-Bears der wer by

Twa gelyk yn it lêste earst. 5-5/2-2.

18:20
Tsjom grypt de lieding

Yn it lêste earst is it in skjinne twa yn it foadiel fan Tsjom. Dat partoer stiet no foar it earst oan de lieding. Stân 5-5/0-2.

(Advertinsje)
(Advertinsje)