Liveblog
|
11 augustus 2021
OERSJOCH: Tsjom út de skroeven nei winst op Freule | Jellum-Bears gûlt
Omrop Fryslân die de hiele dei live ferslach fan de Freule yn Wommels.
Lêst bywurke: 11 augustus 2021, 20:08
woansdei 11 augustus 2021
19:48
Ein fan dit liveblog
Hjirmei komme we oan de ein fan dit liveblog oer de Freule. Tige tank foar it folgjen!
19:31
Huldiging op it keatsfjild fan Wommels
De krânsen binne foar Steven Koster, Robin Benders en Jorrit Palma. In Kening wurdt der by de Freule net ferkeazen.
19:27
Wat in dei
Wat in dei, sa'n Freuledei! En as je dy yn in heale minút gearfetsje wolle, dat sjocht dat der sa út.
18:50
"We stiene 4-1 foar, it moast al lang kear wêze"
"It hold ynienen op", seit Harold de Boer fan Jellum-Bears. "Tsjom kaam werom, en doe waard it dreger." Hy kin noch laitsje.
Foarich jier hat Jellum-Bears de finale ek ferlern, mar dat spile net mei, seit er. "Dêr ha ik gjin lêst fan", seit De Boer. It wie syn lêste kâns, op de Freule. Takom jier is er te âld. "Ik baal wol, mar úteinlik bin ik ek wol tefreden."
18:50
Tsjom is út de skroeven
Steven Koster wit it net mear, direkt nei de finale. "Ik bin hjir sa bliid mei!" De triennen streame by him oer it gesicht. "We ha hjir sa lang foar traind."
"Ik tocht dat se oer ús hinne rûnen. Mar we pakke se! Hearlik! De lêste slach wit ik net iens mear!"
18:30
Triennen by Jellum-Bears
Foar it twadde jier op rige ferliest Jellum-Bears de finale fan de Freule. It binne triennen. "Je steane 4-1 foar, en je kinne it útmeitsje. Wat stom!" seit ien fan de keatsers direkt nei ôfrin tsjin Geert van Tuinen.
18:28
TSJOM WINT 119e FREULE
Tsjom wint mei 5-5/6-4!
18:25
Tsjom oan de lieding: 5-5/6-4
Tsjom oan de lieding: 5-5/6-4
18:23
Jellum-Bears der wer by
Twa gelyk yn it lêste earst. 5-5/2-2.
18:20
Tsjom grypt de lieding
Yn it lêste earst is it in skjinne twa yn it foadiel fan Tsjom. Dat partoer stiet no foar it earst oan de lieding. Stân 5-5/0-2.
18:19
Tsjom komt werom: 5-5
Fiif earsten gelyk! Wat in finale!
18:14
Tsjom stiet op 'e dea
Stân 5-4/6-6 yn it foardiel fan Jellum-Bears.
18:06
Jellum-Bears wer oan de lieding
Jellum-Bears komt wer oan de lieding: 5-4. Tsjom wrot en wrot en wrot, mar hat de hiele partij noch net foar stien.
18:02
Tsjom knokt en komt werom
Tsjom knokt foar elk punt, en twingt Jellum-Bears sa ek ta in knokfinale. Jellum-Bears stie 4-2 foar, mar it is no 4-4.
17:57
Boppeslach Steven Koster!
De striid is werom. Steven Koster slacht de bal boppe. It is 4-3.
Yn punten ûntrinne de partoeren mekoar net in soad, seit Geert van Tuinen. De measte earsten einigje yn 6-6, en oars yn 6-4. "Mar je moatte de earsten wol pakke."
17:50
De striid is noch net oer
Tuskenstân yn Wommels: 4-2. Mar Steven Koster springt wer. "Der komt wer leven yn!", seit Geert van Tuinen. Tsjom jout net samar op, mar Jellum-Bears bliuwt de sterkste.
17:45
It spul kin trochgean, mar Koster eaget net sterk
It spul kin trochgean, mar Koster eaget net sterk. Jellum-Bears spilet him fuortendaliks oan en dat leveret buordsjes op. Tuskenstân 3-1/6-2 yn it foardiel fan Jellum-Bears.
17:39
Blessuere Steven Koster?
PC-keatser Steven Koster ut Tsjom leit op de grûn. Hy wurdt holpen troch de fysioterapeut.
17:36
Jellum-Bears set troch: 3-1
De partij tsjin Boalsert wie miskien wol krekt te swier foar Tsjom. Jellum-Bears hat langer skoft hân, en eaget no frisser. Tuskenstân: 3-1. En de kânsen foar Tsjom wurde hieltyd lytser.
17:27
Tsjom pakt in earst
Tsjom komt werom nei 2-1, en de spanning is werom yn de finale. "Net dat de spanning fuort wie", seit ferslachjouwer Hijlko Broersma.
17:25
Jellum-Bears liedt finale
Yn de finale is it 2-0 foar Jellum-Bears
17:24
Blessuerebehanneling Boalsert wie 'út foarsoarch'
De blessuerebehanneling by Boalsert, yn de sinderjende heale finale tsjin Tsjom, wie út foarsoarch. Dat sei Dietmer Kuperus nei ôfrin fan de wedstriid.
17:17
Jellum Bears pakt earste earst
De stân is 1-0 yn it foardiel foar Jellum-Bears.
17:06
Finale is los
Yn de finale giet it tusken de partoeren fan Tsjom, mei Steven Koster, Robin Benders en Jorrit Palma, en Jellum-Bears, mei Wiebe Siemen Leenstra, Harold de Boer en Jelmer Miedema.
16:44
Skoft
It partoer fan Tsjom krijt even de tiid om te bekommen fan de slopende heale finale tsjin Boalsert. Nei alle gedachten begjint de finale om 16:50 oere hinne. Dat soe ek wat earder of letter wêze kinne.
16:33
Tsjom troch nei finale
Tsjom is ferrassend troch nei de finale, mei 5-5/6-6. Dietmer Kuperus, Yoram Elzinga en Stijn Vincken fan Boalsert ha enorm partij jûn, mar oan de ein kin der mar ien partoer winne. Dat wie it partoer fan Tsjom: Steven Koster, Robin Benders en Jorrit Palma. Dat partoer wurdt sjoen as outsider.
Steven Koster stie in wike lyn noch op de PC. Doe fleach hy der yn de earste omloop fanôf, tsjin it partoer fan Paul Dijkstra.
16:32
Alles oan de hang!
It is 5-5/6-6! De beslissende bal!
16:23
Heale finale is titanestriid
De heale finale tusken Boalsert en Tsjom ûntpopt him yn in titanestriid. It publyk klapt, en de beide partoeren hâlde mekoar yn lykwicht. It is no 5-5 gelyk.
16:07
Yoram Elzinga kin wer keatse, striid bliuwt spannend
De striid om it lêste finaleplak is wer los, der wurdt wer keatst yn Wommels. De partoeren fan Tsjom en Boalsert hâlde it spannend. De stân is yntusken 4-3/0-6 yn it foardiel fan Tsjom.
"Je kinne net oan Elzinga sjen dat er lêst hat fan it kút", seit ferslachjouwer Hijlko Broersma.
15:54
Blessuere by Boalsert
De heale finale leit stil troch in blessuerebehanneling by Boalsert. Yoram Elzinga hat lêst fan it kút. "Hy is fan it fjild ôf, en leit op de massaazjetafel", seit Geert van Tuinen.
15:35
Jellum-Bears earste finalist
Jellum-Bears is de earste finalist op de 119e Freule. Wiebe Siemen Leenstra, Harold de Boer en Jelmer Miedema wiene mei 5-3/6-0 te sterk foar Jari Visser, Colin Baarda en Nick Visser fan Wytmarsum.
Yn de finale nimme se it op tsjin Boalsert of Tsjom. Dy beide ploegen stride noch om it twadde finaleplak. Tuskenstân: 3 earsten gelyk.
15:23
Blessuere Wytmarsum?
Ien fan de keatsers fan Wytmarsum sit op de grûn en grypt nei it ankel. It sjocht der net goed út foar Wytmarsum. De jonges keatse fierder, mar tsjin Jellum-Bears ha se in achterstân fan 2-5.
15:03
Noch fjouwer partoeren yn de race
Yn de heale finale giet it no tusken Boalsert (mei Dietmer Kuperus, Yoram Elzinga en Stijn Vincken) en Tsjom (Steven Koster, Robin Benders en Jorrit Palma).
Wytmarsum (Jari Visser, Colin Baarda en Nick Visser) en Jellum-Bears (Wiebe Siemen Leenstra, Harold de Boer en Jelmer Miedema) stride ien perk fierderop om it oare finaleplak.
14:40
Boalsert wint mei grutte sifers fan Ljouwert
Boalsert wint de fjirde omloop mei mei 5-1/6-0 fan Ljouwert, en is troch nei de heale finale. Dêryn nimt Boalsert it op tsjin Tsjom. Dat partoer hie in steand nûmer lotte yn de foarige omloop.
14:26
De finale komt hieltyd tichterby
As Jellum-Bears wint fan Wytmarsum, is dat partoer direkt troch nei de finale. Oarsom trouwens ek, want dizze beide partoeren ha in steand nûmer yn de fjirde list. Dizze omloop kin foar dizze beide partoeren dus sjoen wurde as in heale finale.
Tsjom is al wis fan in plak yn de heale finale, dat partoer hie in steand nûmer lotte yn de foarige omloop, en komt yn de fjirde list net yn aksje.
De fjirde list
Ljouwert | Boalsert |
Wytmarsum | Jellum-Bears |
14:23
Tredde omloop dien: Topfavoryt Jellum-Bears as lêste troch nei kwartfinale
Jellum-Bears hat him pleatst foar de fjirde omloop fan de Freule. It waard 5-4/6-2 tsjin Bitgum.
Utslaggen tredde omloop
Ingelum | Boalsert | 0-5/4-6 |
Wytmarsum | Seisbierrum | 5-2/6-4 |
Bitgum | Jellum-Bears | 4-5/2-6 |
Hommerts | Tsjom | 0-5/2-6 |
13:56
Tsjom troch nei heale finale
Tsjom wint mei 5-0/6-2 fan Hommerts en is mei in steand nûmer troch nei de heale finale. Op it oare fjild is de stân wer omsteard: Jellum-Bears stiet no mei 5-3 foar tsjin Bitgum.
Utslaggen tredde list
Ingelum | Boalsert | 0-5/4-6 |
Wytmarsum | Seisbierrum | 5-2/6-4 |
Bitgum | Jellum-Bears | |
Hommerts | Tsjom | 0-5/2-6 |
13:38
Wytmarsum wint fan Seisbierrum
Wytmarsum wint mei 5-2/6-4 fan Seisbierrum, en is troch nei de fjirde list. Tsjinstanner wurdt dan de winner fan de partij tusken Bitgum en Jellum-Bears. Bitgum stiet dêr ferrassend foar, mei 3-2/2-6, mar it kin alle kanten noch op.
De winner fan de partij tusken Hommerts en Tsjom hat in steand nûmer, en giet troch nei de heale finale.
Utslaggen tredde list
Ingelum | Boalsert | 0-5/4-6 |
Wytmarsum | Seisbierrum | 5-2/6-4 |
Bitgum | Jellum-Bears | |
Hommerts | Tsjom |
13:09
"Ik tocht al dat it neat mear wurde soe, want hy raasde it út"
"Dit is net de manier wêrop't je fan it fjild ôf gean wolle", seit Thomas Dijkstra fan Berltsum. Syn partoer ferlear nei in blessuere fan Rink Sterk.
Dijkstra hie direkt yn de gaten dat it mis wie, mei syn maat. "Hy slacht him geweldich út. Ik rin nei foaren, en ik sjoch: dêr leit er. Hy raasde it út."
Berltsum stie achter, mar der wiene wol kânsen, oant it mis gie, seit Dijkstra. "We hiene se pakke kind. Rink sloech goed op, en ik ek. As it sa trochgien wie, hie it in hiele moaie dei wurde kind."
No oerhearskje de triennen. "Dit wie myn lêste kâns. Foar Rink is it sneu, mar ek foar Douwe en foar my."
13:03
Boalsert troch nei fjirde omloop
Boalsert is as earste troch nei de fjirde omloop. Dat partoer treft aanst Ljouwert, nei 5-0/6-4 winst op Ingelum yn de tredde omloop. Ljouwert wie mei in steand nûmer troch nei de fjirde omloop.
Utslaggen tredde list
Ingelum | Boalsert | 0-5/4-6 |
Wytmarsum | Seisbierrum | |
Bitgum | Jellum-Bears | |
Hommerts | Tsjom |
12:44
Twadde list is klear, noch njoggen partoeren oer
Der binne noch njoggen partoeren oer. Ljouwert hat in steand nûmer lotte, en is dus troch nei de fjirde list. Dêrnei komme noch de heale finale en de finale.
De tredde list
Ingelum | Boalsert |
Wytmarsum | Seisbierrum |
Bitgum | Jellum-Bears |
Hommerts | Tsjom |
12:37
Beltsum útskeakele nei blessuere
It partoer fan Berltsum is útskeakele. Jellum-Bears wûn mei 5-2/6-0.
Der binne mear útslaggen op de twadde list. Wytmarsum wûn fan Arum, mei 5-2/6-4. Hommerts hat Sint-Jabik ynpakt mei 5-1/6-2, en Tsjom wint fan Eksmoarre mei 5-3/6-6.
Yn wat fuotballers in Fryske derby neame soene, wint Ljouwert fan It Hearrenfean mei 5-2/6-2. Ljouwert hat in steand nûmer op de tredde list, en is dus troch nei de kwartfinale.
12:24
Blessuere by Berltsum: "Ik tink dat er net mear kin"
Ien fan de keatsers fan Berltsum lei op it fjild, en waard behannele troch de fysioterapeut. Der is sprake fan in blessuere, seit ferslachjouwer Geert van Tuinen. Nei in skoftke koene de Berltsumers wer fierder kearste, mar de sjeu is der út.
It partoer fan Berltsum jilde as ien fan de favoriten, mar Rink Sterk keatst no mei in ferbân om de foet. "It is asof se mei twa man yn it fjld steane", seit Geert van Tuinen. Sterk hat de triennen yn de eagen.
Berltsum libbet noch, mar it is de fraach foar hoe lang. Berltsum sit swier yn de problemen.
12:18
Om 14:00 oere is de Freule live op TV
De telefyzjeploech fan Omrop Fryslân is dwaande mei de lêste tariedingen foar de rjochtstreekse útstjoering fan de Freule. De lêste kabels wurde oan mekoar knoopt, de kamera's wurde klearset, en de ferslachjouwers ite noch in broadsje. De útstjoering begjint om 14:00 oere.
Der moat noch wol wat dien wurde foardat de útstjoering begjinne kin. "We ha in probleemke", seit ien fan de kameraminsken. Publyk moat fan de banken, om de ploech fan de Omrop de romte te jaan.
12:15
Alles oan de hang by Sint-Anne - Seisbierrum
Seisbierrum wint in spannende partij fan Sint-Anne. It waard 5-5/6-6.
Yn de topwedstriid tusken Jellum-Bears en Berltsum stiet Jellum-Bears noch op foarsprong. "Berltsum rint achter de feiten oan", seit ferslachjouwer Geert van Tuinen.
12:06
Bitgum wint
Moarre-Ljussens falt wat ôf tsjin Bitgum, seit ferslachjouwer Hijlko Broersma. Bitgum wint mei 5-1/6-2.
Boalsert makket him yntusken klear foar de wedstriid tsjin Ingelum, yn de tredde omloop. Dy beide partoeren wûnen al in wedstriid yn de twadde omloop. Ingelum die net mei oan de earste omloop, mar wie troch mei in steand nûmer.
11:55
Tsien jier lyn besocht Habtamu de Hoop al út te lizzen hoe't it keatsen wurket
Foar wa't nei in wike mei PC en Freule noch altyd neat begrypt fan it hiele keatsen, of foar wa't witte wol hoe't Twadde Keamerlid Habtamu de Hoop der tsien jier lyn útseach, geane we noch even werom yn de tiid. Yn 2011 makke Omrop Fryslân de rige 'keatsen foar dummies'.
Sjoch hjir nei diel 1.
Yn it sportprogramma Boppeslach krigen trije bekinde Friezen keatsles fan de doe 13-jierrige Habtamu, dy't no miskien wol bekender is as de bekende Friezen fan doe: topskoarer aller tiden Jan Bruin fan Cambuur, sjonger Raynaud Ritsma fan Vangrail, en akteur Joop Wittermans.
Sjoch hjir nei diel 2.
Yn de lêste ôflevering besiket de jonge De Hoop út te lizzen hoe't de puntetelling wurket. "It giet sa: 2, 4, 6, earst. Is dat dúdlik?"
De Hoop jout ek tips: "As je in seare hân ha, soargje der dan foar dat je maten de bal slaan"
Sjoch hjir nei diel 3.
11:48
Thúspartoer Wommels fleant derút tsjin Boalsert
It partoer fan Boalsert is as twadde troch nei de tredde omloop, troch mei 5-1/6-4 te winnen fan Wommels.
De beide topfavoriten Jellum-Bears en Berltsum steane no op it haadfjild.
11:37
Speaker: Arum wint mei lêste earst mei 6-4 fan Makkum
Der wie wat ûndúdlikheid oer de útslach fan Arum-Makkum yn de earste omloop. Earder melde Omrop Fryslân dat Arum mei 5-3/6-2 wûn hie. De speaker op it fjild seit no dat dat 5-3/6-4 wie. De Ljouwerter Krante meldt ek 5-3/6-4.
Hoe dan ek, Arum is troch nei de twadde omloop, en moat oantrede tsjin Wytmarsum.
11:24
Earste omloop klear, noch 18 partoeren oer
Ljouwert wint mei 5-4/6-0 fan Raerd, en Eksmoarre wint mei hast alles oan de hang fan Reduzum, yn 5-5/6-4. It wiene de lêste partijen fan de earste omloop. Dy is no dien.
De twadde list
Ingelum | Kimswert |
Boalsert | Wommels |
Arum | Wytmarsum |
Sint-Anne | Seisbierrum |
Moarre-Ljussens | Bitgum |
Jellum-Bears | Berltsum |
Hommerts-Jutryp | Sint-Jabik |
Eksmoarre | Tsjom |
Ljouwert | Hearrenfean |
11:19
Earste partij op twadde list dien, earste omloop noch net kear
Yn de twadde omloop wûn Inegelum mei gemak fan Kimswert. Ingelum hie in steand nûmer, en hoegde yn de earste omloop net te keaten. Tsjin Kimswert waard it 5-1/6-6.
De earste omloop is noch net dien, mar der wurdt yn de twadde omloop al wol keatst. We wachtsje noch op de útslach fan Raerd-Ljouwert en Reduzum-Eksmoarre.
11:12
Sint-Jabik sûnder Van der Vaart troch nei twadde omloop
De Hommerts-Jutryp wûn mei 5-4/6-0 fan Reahûs-Turns; Sint Jabik wûn mei 5-3/6-4 fan Lollum-Waaksens, en dat wylst Sint-Jabik sûnder Van der Vaart keatst. Dy hat him ôfmeld fanwege corona, en wurdt ferfong troch Tije Kingma.
11:09
Dronryp útskeakele troch Berltsum
It favorite partoer fan Dronryp is útskeakele troch de jonges fan Berltsum. It waard 5-1/6-6.
Berltsum en Jellum-Bears binne de beide favoriten dy't trochbinne nei de twadde omloop.
11:01
Hearrenfean wint mei grutte sifers, Ingelum fergees troch nei twadde omloop
It partoer fan It Hearrenfean hat Menaam ferskalke, mei 5-0/6-6.
De jonges fan Ingelum binne 'fergees' troch nei de twadde omloop. Se hiene in steand nûmer lotte. Der binne 35 partoeren, en as je dy 2 oan 2 ferdiele, bliuwt der ien oer.
10:56
Tsjom kin in outsider wêze
It partoer fan Tsjom, mei PC-keatser Steven Koster yn it perk, wûn yn de earste omloop fan Achlum. It waard 5-2/6-2.
Neffens Geert van Tuinen soe Tsjom in 'outsider' wêze kinne, foar de winst. "Dat partoer moatte we yn de gaten hâlde."
10:49
Favoryt Jellum-Bears wint fan favoryt Nijewier-Mitselwier-Easternijtsjerk
It partoer fan Jellum-Bears hat wûn fan Nijewier-Mitselwier-Easternijtsjerk. Mei in bal dy't bûten foel kaam der in sneu ein oan de toppartij. It waard 5-3/6-2.
Jellum-Bears is topfavoryt foar de winst.
Twa oare favoriten, Dronryp en Berltsum, keatse no tsjin mekoar.
10:47
Kommissaris: Moai keatswaar
Ien fan de minsken dy't derby is yn Wommels, is de kommissaris fan de Kening, Arno Brok. Hy seit dat der 'moai keatswaar' is, en winsket alle keatsers sukses.
10:28
PC-stêd Frjentsjer stroffelet yn earste omloop
De jonges út de PC-stêd Frjentsjer komme net fierder as de earste omloop. Mei 5-2/6-2 kin Bitgum relatyf maklik winne.
Arum wint fan Makkum, mei 5-3/6-2.
10:21
Speaker: Sitte mei de kont op de bank
De speaker ropt it publyk op sitten te gean, "mei de kont op de bank". It is ferplichte, yn ferbân mei de coronaregels. Mar keatspublyk en sitte is wolris in probleem, seit ferslachjouwer Geert van Tuinen. Minsken dogge net allegearre wat de speaker seit.
"Stean achter de boppe is it moaiste wat der is", seit Van Tuinen. "En dêr steane se no dus ek. Se hâlde har net oan de opdracht fan de speaker." Der binne sa'n 2500 minsken yn Wommels.
10:18
Twa fan Winsum derôf tsjin Sint-Anne
Winsum stie mei twa man yn it perk. Yn dat doarp wie der gjin tredde keatser te finen. De twa fan Winsum koene it net oprêde tsjin de trije fan Sint Anne: it waard 5-2/6-2.
10:16
Mear útslaggen: Spannum, Folsgeare, Stiens en Baerd sneuvelje yn earste omloop
It partoer fan Boalsert hat mei 5-1/6-6 wûn fan Spannum. Wytmarsum pakt Folsgeare yn mei 5-2/6-0. Seisbierrum wint mei 5-4/6/6 fan Stiens, en Moarre-Ljusens pakt Baerd mei 5-2/6-2.
09:56
Wommels is ek troch nei twadde omloop
It thúspartoer fan Wommels is ek troch nei de twadde omloop. De jonges fan Wommels wûnen mei 5-3/6-6 fan Grou.
09:52
Earste útslach: Kimswert wint
De earste útslach is bekend. It partoer fan Kimswert hat mei 5-1/6-2 wûn fan Alde Biltsyl.
09:38
Habtamu de Hoop: Freule is moaier as PC
De freule is moaier as de PC. Dat seit Twadde Keamerlid Habtamu de Hoop (PvdA). Hy komt fan Wommels.
De Hoop is kontroleur op de Freule. Mar der is net folle te kontrolearjen. "Elk hat wol in kaart, oars komme se der net yn."
De Freule is moaier as de PC, seit De Hoop. "Hjir binne de echte keatsleafhawwers. Op de PC komme se ek foar in bierke."
De Hoop stie sels twa kear as keatsers op de Freule. "Dêr sjogge je je hiele libben nei út. It is in dream om foar je doarp út te kommen."
09:29
Freule is los, sûnder Wesley van der Vaart
De Freule is los. Wesley van der Vaart is der net by. Hy teste yn it foar posityf op corona, en wurdt yn it partoer fan Sint-Jabik ferfong troch Tije Kingma.
De keatsers út Spannum binne der klear foar. De sinnebril is mei. En de spanning wurdt minder. "Ik ha krekt in baltsje slein, it fielt fertroud", seit ien fan de trije.
08:59
2020-Freulewinner Dronryp leveret De Villa fan de Freule wer yn
08:40
Al it wetter fan it fjild, ien spiler posityf test op corona
"Wy hawwe hiel wat útdagingen hân", seit foarsitter Tjeerd Dijkstra. "Earst mei corona, mar dêrnei mei de bakken wetter dy't der fallen binne. Mei de lotting tochten wy suver dat de wrâld fergie. Tiisdei hawwe wy oant tolve oere ta de slûzen iepen hân, want it fjild stie blank. Mar ast no sjochst: it leit der as in plaatsje by. Der sille fêst wat gatten yn komme om't it wat minder stabyl is, mar wy hawwe der alles oan dien."
Der binne in oantal minsken posityf test op it coronafirus. "In pear hiene it al yn de oanrin en binne yntusken ek al wer út de karantêneperioade wei. Sa't ik no wit misse wy gjin partoeren. Mar juster wie der wol ien spiler dy't posityf test is. Dy wurdt ferfongen troch in oar. Dat is spitich, mar it binne de regels dy't no jilde."
Publyk
Nettsjinsteande dat tinkt Dijkstra dat it in moaie Freule wurdt. "Ik hoopje dat wy genietsje meie fan dizze dei. De tribunen binne der, wol de helte fan it publyk as dat wy oars hiene. Mar ferline jier hiene wy de tribunen net iens. Dus dan is dit, mei 2.500 minsken op it fjild, in hiele foarútgong."
08:38
Seremoniële iepening fan de Freule
Lykas alle jierren wurdt der in blomke lein by it byld fan de Freule, Clara de Vos van Steenwijk (1869-1960), de grûnlizzer fan de partij.
Gewoanwei wurdt dat mei muzyk fan it korps dien, mar fanwegen corona is dat no yn in beheinde foarm. "Wy dogge it dit jier wat soberder. Mei oare muzyk besykje wy der dochs in moaie dei fan te meitsjen. As Stichting de Freulepartij Wommels organisearje wy mei de keatsferiening fan Wommels dizze partij", leit foarsitter Tjeerd Dijkstra út.
08:22
Hieltyd minder partoeren
35 partoeren steane hjoed dus op de list. Dat is in djiptepunt. Fjouwer jier lyn wienen it der noch 53. De ôfrûne jierren sakke it tal partoeren al, mar noch net sa djip as dit jier.
07:55
Ungeunstige lotting
De lotting is net geunstich, as je sjogge nei de favorite partoeren. Jellum-Bears en Nijewier-Mitselwier-Easternijtsjerk stienen snein by de generale repetysje noch yn de finale tsjinoer elkoar. No moatte se al yn de earste omloop. De winner treft yn de twadde omloop al ien fan de twa oare sterke partoeren: Berltsum of Dronryp.
07:48
De lotting
Dizze partoeren moatte yn de earste omloop tsjin elkoar
1 | Kimswert | 2 | Ouwe-Syl |
3 | Spannum | 4 | Boalsert |
5 | Grou | 6 | Wommels |
7 | Arum | 8 | Makkum |
9 | Wytmarsum | 10 | Folsgeare |
11 | Winsum | 12 | Sint-Anne |
13 | Stiens | 14 | Seisbierrum-Pitersbierrum |
15 | Moarre-Ljussens | 16 | Baard |
17 | Frjentsjer | 18 | Bitgum |
19 | Jellum-Bears | 20 | Nijewier-Mitselwier-Easternijtsjerk |
21 | Berltsum | 22 | Dronryp |
23 | Reahûs-Turns | 24 | De Hommerts |
25 | Sint-Jabik | 26 | Lollum-Waaksens |
27 | Reduzum | 28 | Eksmoarre |
29 | Achlum | 30 | Tsjom |
31 | Raerd | 32 | Ljouwert |
33 | It Hearrenfean | 34 | Menaam |
35 | Ingelum | -- |
07:30
Goeiemoarn!
Goeiemoarn en wolkom op de 119e Freulepartij. 35 jongespartoeren stride hjoed om de belangrykste keatspriis foar jonges ûnder de 18 jier.
De wedstriid yn Wommels is fan 14:00 oere op telefyzje te sjen. Fan moarns betiid ôf is de Freule by Omrop Fryslân al te folgjen op de radio en online.