Patyna docht oprop foar personiel, mar it is dweile mei de kraan iepen

Soarchorganisaasje Patyna is driuwend op syk nei personiel. Oarsaak foarmje de fakânsjes fan it besteande personiel, yn kombinaasje mei de neisleep fan de coronakrisis.
Soarchorganisaasje Patyna © Omrop Fryslân
Fakânsjes fan meiwurkers weromdraaie is gjin opsje, seit wurdfierder Erik Kofman fan Patyna. Personiel hat it de ôfrûne tiid drok hân troch de corona-pandemy en de organisaasje gunt har dêrom har fakânsje. "Wy hawwe it hiele jier al te krijen mei in heech syktefersom. Meiwurkers hawwe fakânsje mear as fertsjinne. Mar dy kombinaasje makket wol dat it krap is", sa fertelt Kofman.

Gjin lucht mear yn de roasters

Neffens Kofman is it foar de planning in drege put om de roasters rûn te krijen. "De basissoarch giet troch, mar it is wol spannend. Der springe al teamlieders en minsken dy't mei pensjoen binne by. Dat is fantastysk om te sjen, mar wy wolle graach mear lucht."
Erik Kofman fan Patyna
Fakânsjekrêften binne net in oplossing, om't dy al ynset wurde. "Gewoanwei koene wy wolris fakânsjekrêften brûke yn de simmer, mar tsjintwurdich skowe dy al fluch troch yn in fêste rol as ynfalkrêft. Dêrtroch foel dy pûl dêr't je oars minsken út helje koene ek fuort."

Gjin tiid foar ekstra's

Neffens Kofman hat de echte soarch oan kliïnten net te lijen fan de krapte, mar is der amper tiid foar wat ekstra's. "Mei-inoar in bakje kofje drinke, soksoarte mominten binne ek wichtich. Dar fine wy ek soarch. Mar trochdat it personiel hieltyd trochskoot, is der minder omtinken foar soks."

Oprop dien

Om dêr feroaring yn te bringen wurde no nije meiwurkers socht. It giet dêrby om soarch- of ferpleechkundigen dy't fleksibel yn te setten binne. "Wy sykje wol echt minsken mei in eftergrûn yn de soarch. Hooplik binne der minsken dy't wol wat betsjutte wolle. Yn 'e regel komt der net in soad op dizze oproppen ôf, mar as je it net dogge slagget it sawiesa net."
De organisaasje rjochtet him by syn syktocht ûnder oare op minsken dy't de ôfrûne tiid as faksinaasjemeiwurker oan de slach west hawwe.

Allegearre itselde probleem

Kofman sjocht yn dat de syktocht net maklik wurdt, omdat oare soarchorganisaasjes mei it selde probleem sitte. "Wy hawwe eins allegearre te lijen fan itselde probleem. De arbeidsmerk is krap yn de soarch. Wy besykje dêr op te antisipearjen, mar it is dreech."