Sels helpe om klimaatferoaring te beheinen, is dat te beteljen?

Auto's moatte elektrysk, huzen moatte better isolearre wurde en as it kin in set sinnepanielen op it dak. It binne miskien lytse bytsjes, mar it kin helpe om foar te kommen dat nei 2030 de ierde noch mear opwaarmet as 1,5 graad. Mar hoe betelje wy it?
Elektrysk ride en enerzjyneutraal wenje, is dat te beteljen?
Dy 1 oant 1,8 graad opwaarming ûntkomme we net mear oan. Sûnder goede yngrepen waarmet de ierde noch folle mear op, yn it meast pessimistyske senario 5,7 graden. Dat blykt út talleaze ûndersiken dy't it VN-klimaatpanel IPCC moandei yn in nij alarmearjend rapport presintearre hat.
Ien fan de fragen dy't opkomt: hoe betelber binne de te nimmen maatregels foar de gewoane minske?
Yn Harns pakke se it stapke foar stapke oan mei hierhuzen. Dy wolle se dêr klimaatneutraal meitsje, mei nul op de meter. Mei oare wurden: gjin enerzjy ferbrûke.

Hierprizen moatte net omheech

Wenningboustichting De Bouwvereniging is yn Harns drok dwaande mei it ferduorsumjen fan huzen. Dat hat as bykommend foardiel dat de lêsten foar hierders omleech geane. "It hat gjin doel om yn de duorsumens te ynvestearjen as dêrtroch de hierprizen sa heech wurde dat ús doelgroep it net mear betelje kin", seit Petra van der Wier fan de stichting.
We nimme maatregels dy't minsken helpe yn de beurs.
Petra van der Wier fan de Harnzer wenboustichting De Bouwvereniging
"We geane dus út fan de wenlêsten dy't ús hierders betelje kinne", leit se út. "Op basis dêrfan besjogge wy wat mooglik is. We nimme maatregels dy't minsken helpe yn de beurs. En as we in nije stap sette wolle, mei dat de betelberens fan it wenjen net yn it paad stean."
Neat dwaan kostet mear: by de skea dy't ferline moanne ûntstie by it needwetter yn Limburch is nei alle gedachten grutter as 100 miljoen euro, seit it Verbond van Verzekeraars. Yn Dútslân wurde de kosten rûsd op sa'n 30 miljard euro.
Dieuwke Boomsma wennet yn in nijbouhûs fan de wenningboustichting. "It is hielendal geweldich", seit se. "It klinkt as in fabeltsje, mar we ha nul op de meter. En we ha gewoan flierferwaarming en in sintrale ferwaarming. We kinne ek beiden twa kear deis dûse. Wy fine it geweldich."
Waarmtepomp by de hierhuzen yn Harns © Omrop Fryslân
Neffens Boomsma is it foar elkenien betelber. "Uteinlik besparrest in hiel soad. De sinten dy'tst earst foarút betellest, krijst letter wer werom ast sunich bist. It is mar krekt hoe't je it sels yndiele."
Se hie tsien jier lyn net tinke kinnen dat se no duorsum wêze soe. "Doe hienen we noch koalen en in houtkachel!"