Walinga tsjin Groenveld: wa pakt de wrâldtitel yn it Frysk damjen?

Fiif oeren deis damjen: dat is wat Marten Walinga út Waaksens en Folkert Groenveld út Jutryp fan woansdei ôf te wachtsjen stiet. Se stride om de wrâldtitel yn it Frysk damjen. Walinga is titelferdigener, Groenveld útdager.
Tiisdei waard mei in ludike aksje ekstra omtinken frege:
Om noch wat ekstra belangstelling foar de twakamp te krijen, spilen Walinga en Groenveld tiisdei noch in partij by it Brouwdok oan de Nieuwe Willemskade yn Harns. Dat diene se net mei echte damskiven, mar mei plestik ponnys en skiep.
Groenveld wûn de ludike aksje, mar woansdei giet it echt los. Striidtoaniel is dan it stedhûs fan Harns. Wa't as earste seis punten hat, is de nije wrâldkampioen. Mocht it nei alve partijen yn alve dagen noch lyk stean, dan komt der in barraazje.
Walinga hat him goed taret om syn titel te ferdigenjen: "Traine, oefenje, spullen neispylje, nije dingen útfine, wat yn it einspul omwrotte. Je binne alle dagen wol wat oan de gong."
Utdager Groenveld hat wol wat tiid nedich hân om by de echte top te kommen. "Ik bin yn de jierren 90 echt mei it Frysk damjen begûn. Walinga is der op syn fjirde of fyfde al troch syn heit by lutsen."
Marten Walinga en Folkert Groenveld © Omrop Fryslân, Andries Bakker
Ferline jier wûn Groeneveld it útdagingstoernoai. "Dat wie in geweldige opstekker. It lit sjen dat ik wedstriden echt winne kin. Ik ha lang tsjin de top oanwrot."

Revânsj?

It is net de earste kear dat beide manlju elkoar treffe: op it NK fan 2018 wûn Groenveld. "Wat dat oanbelanget kin ik no revânsj nimme", seit Walinga. "Al is in WK-twakamp wol oars as in NK."
Marten Walinga hat yn de earste partij wyt. De lêste partij is op snein 22 augustus.